Ut it skûtsje-argyf 1972
Wat hat it skûtsjesilen mear
as ’t wurk yn wâlberoppen?
Dêr wurdt libbe nei de AOW
en stribbe nei foar altyd klear,
mar âlde skippers wurde roppen.
Sjoch Ulbe* mei syn Frisia,
in skip om te ferjitten,
dat de kampioen wie samar ree
om wer nei ’t Grouster skûtsje ta,
in skip om net oer yn te sitten.
Dan Hylke**, man fan sa, net oars,
in skipper om te laden
Fryske frijheid yn it eigen rom;
hy joech himsels en ’t skip sa loas,
wat paste by har beide aarden.
De nije skippers, ek al âld,
dêr moast men earst oan wenne,
Durk*** en Sake**** , beide sûnder rom,
noch net bebiten yn it sâlt,
sy waarden yn dit jier krekt berne.
* Ulbe Zwaga
** Hylke de Vries, partikulier skipper fan de ‘Fryslân’
*** Durk de Jong, skipper fan Langwar
**** Sake Eekma, frege as skipper fan de Súdwesthoeke,
mar fanwege sykte ferfongen troch Rienk Zwaga |