Ut it skûtsje-argyf 2002
De rêch fan Peter* knapte op
doe’t Baint** it roer yn hannen hie
op ’t rûge wetter fan de Fluezen,
it duo kaam dêr foar de trie,
De Jouwer lei op ’t lêst op kop.
De hân fan Jitze*** kaam yn ’t gips
nei ’t ûngemakje op Wâldsein
doe’t briek ien fan syn fingerbonkjes;
de dokter hie him rêst oansein,
hy sei: ‘Ik syl op myn Philips.’
Dêr sit er achter Ymes**** rêch,
dy’t hieltyd fielt it hurde gips,
want Jitze kin it wier net litte:
de hân krijt fan de holle tips,
it duo hat de ein yn ’t each.
* Peter Syperda
** Baint Kramer
*** Jitze Grondsma
**** Yme van der Meer |