Ut it skûtsje-argyf 1968
De driging hong dy moarns al yn de loft
mei wolken, wyn en weagen
dat de wizen it net sitten seagen,
mar de wierheid wachte noch in skoft.
‘Gjin tiid ferskite, skuor it spul derby,
de wierheid ken gjin leagen,
eartiids hong ik oeren yn de beage!’
sa klonk Tjitte Brouwers profesij.
Doe makke noardewyn de himel frij
en withoefolle eagen
dy’t de gaos by it starten seagen:
stjoer- foar bakboard, bats sa ien foarby!
De Grouster skipper wappere mei read,
wat stiek yn Tjittes eagen
dy’t as wraak syn konkurrint ek reage
nei de sjuery, want ‘de wierheid keart’!
De Hearrenfeansters kamen grutsk op kop
en woene kânsen weage
op it wetter of mei sjuery-eagen,
leaver stridend, dus de bealch derop!
De skippers tsjinnen sân protesten yn
mei wierheid en mei leagen
dat de wizen fan de Fluezen seagen
neat, it read ferwaaide op ‘e wyn.
|