februari 17, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Piloaten binne der by ’t soad,
se komme yn ien ding oerien:
de hichte is har elemint
dêr’t sy geregeld yn ferkeare,
ien piloat is fier nei boppen gien.
Net heger fleach er as in oar,
wol gie syn eachopslach omheech
om nei in fleanend ding te sjen
dat hy besocht om thús te bringen,
mar dat wie foar ien piloat te dreech.
Hy lei it byld oan oaren foar
sa’t hy it boppe fêstlein hie:
in platte fûgel yn de flecht
sa’t dy net foarkaam op ’e ierde,
mei de namme wie men út ’e rie.
In UFO út it fierste oard,
dat kamen se al gau oerien,
mar wie it wol in elemint
om mei op ierde te ferkearen?
Kenneth Arnold hat foar wierheid stien.
* Foto ‘Publisiteit oer de UFO’
** Foto ‘De UFO’
februari 10, 2025
februari 2, 2025