november 12, 2025

fan ûnbekend*
fan Simone de Beauvoir**
Simone de Beauvoir
seach net it moaie derfan yn
dat yn it hiele libben
froulju waarden minder sjoen
yn waar en wyn.
Sy waarden net gewaar
wat bûtendoar te rêden wie,
sy rêden mei wat binnen
barre moast mei miel en bern,
wat gjin betsjutting hie
foar manlju oan it wurk
yn ’t sintrum fan de maatskippij,
dêr’t sy frij binnen kamen
as earste sekse dy’t
sei: ‘Sjoch, hjir binne wy!’
Simone de Beauvoir
seach nei de twadde sekse mei
it each op hiel it libben
is foar froulju likegoed,
wat wie in ommeswaai.
* Foto ‘Simone de Beauvoir’
** Boek ‘De twadde sekse’

oktober 19, 2025
oktober 5, 2025