Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Truman-doktrine

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De hjitte oarloch wie foarby,
de stielen wapens swijden,
mar de reade fijân spile op,
dy’t gjin each foar frijheid hie,
syn macht mei striid útwreide.

Dogmatysk stribbe hy foarby
de grinzen fan de lannen
om syn reade klauwen út te slaan,
sadat de frijheid ûnderdie
foar macht en lei oan bannen.

Doe kaam in hiel oar lûd foarby,
gjin dogma, in doktrine
dy’t in libbenswize fierde op
fan frijheid, sawol wurd as die,
dêr koe elk him yn fine.

De kâlde oarloch brocht de kjeld
fan wapens dy’t noch swijden,
’t rûn út op stil geweld.

* Foto ‘Presidint Harry Truman’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum