fan Charles Rochussen*
Soe de stêd Breda it roaie
om de Spanjaard te ferslaan?
As ’t lei oan skipper Adriaan,
dan waard Breda as Troje.
Skipper Adriaan koe tinke
as de bêste op syn skip
mei turf, hy joech in gouden tip,
hy soe as kriichsheld blinke.
Adriaan liet skruten witte,
mei syn sûnens wie it mis,
de omkesizzers soene wis
it turfskip farre litte.
Under turven de soldaten,
farrend nei Breda’s kastiel
mei sapnning yn de blaas en kiel,
gjinien hie ’t yn de gaten.
De soldaten sieten tiden
klomsk en roppich ûnder ’t dek
en doe’t de skûte rekke lek,
wie ’t pompe, noch net stride.
Skipper Adriaan liet witte
hoe’t syn skûte farre moast,
it wie de rûte op syn koartst,
fan spanning hat er switten.
Under turven wei soldaten,
wat de Spanjaard kaam oer ’t mêd,
sa waard befrijd de turfskip-stêd,
de kriichsheld lang bepraten.
* Charles Rochussen (1814-1894)
Skilderij ‘It tufkskip fan Breda’
|