mei 21, 2017
fan ûnbekend*
De sinne sjocht net folle nijs
op ierde, sels net yn Amearika,
de presidint woe ’t hiel oars ha
by him yn ’t Wite Hûs dy deis.
It Wite Hûs, troch slaven boud,
stie foar de blanken iepen, hiel gewoan,
gjin swarte stapte nei de troan,
de slavetint waard net fertroud.
Mar Roosevelt** seach op it fjild
de roazen bloeien, ek al wie ien swart,
sa is it yn syn naasje bard
dat Booker waard it Hûs yntild.
De man wie swart en presidint,
mar fan in swarte universiteit,
wat oer de naasje alles seit:
oan skieding is it folk lang wend.
Yn ’t Wite Hûs siet swart nêst blank,
it iten smakke harren like goed,
de wyn wie read en ek it bloed,
it lêste wie: ‘Fan herten tank!’
It suden koe in wreed beslút:
reboelje, ommers wyt en swart waard griis,
de presidint wie lang net wiis…
it rûn op reade strjitten út.
* Foto ‘Booker T. Washington’
** Presidint Theodore Roosevelt (1901-1909)
november 24, 2024
oktober 27, 2024