Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stoarmeftige relaasje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ‘Master fan de Abdij fan Affligem’

Image

In moaie jonge mei it gouden flues
foar ’t boarst, Filips liet it elk witte,
fielde him yn ’t Spaanske ryk wol thús
en woe him mei de kening mjitte.

Johanna, keningsdochter fan komsa,
seach yn Filips de machtich moaie,
woe mei him nei wrâldske hichten ta,
tegearre soene sy it roaie.

It houlik wie lykas in swiere stoarm:
yn tsien jier waarden der fiif berne,
foar’t de fiifde kaam, klonk grut alarm,
de heit al dea, mem koe net wenne.

Johanna, widdo yn de nederklits,
mei smoarge hûd en klean dy’t stonken,
’t eachweid op ‘e skuon, de mûle bits,
syn hannen wiene ’t dy’t har wonken.

Se gie nei ’t grêf en woe syn antlit sjen,
sa kaam har libben wer nei boppen:
as Filips syn frou, gjin each foar bern,
dwylsinnich klonk har rauwe roppen.

* Master fan de Abdij fan Affligem (sirka 1500)
Skilderij ‘Filips de Moaie en Johanna de Dwylsinnige’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum