Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stilstean by moarden

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wolkom thús foar Joaden
kaam min op Palestinen oer
dy’t har bedrige fielden
yn in iuwenlang bestean…
dat is it wat sy dielden.

Sy kamen út it noarden,
minmachtich bleauwen sy dêr oer
en fielden har bedrige
nei in iuwenlang bestean
fan skuldich yn de rige.

De rige gie nei ’t suden,
dêr’t stichte waard steat Israel,
foar Joaden ’t hôf fan Eden,
altyd frijheid yn ’t bestean…
hoe siet it mei de frede?

Wa telde alle moarden,
begien yn namme fan Jahweh
en Allah, ek in rige
om in skoft by stil te stean…
noch altyd wurdt der drige.

* Foto ‘Palestinen op ’e flecht nei
Israels ûnôfhinklikheidsferklearring
yn 1948’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum