fan Hendrik van Minderhout*
fan Adriaen van Diest**
It barde foar de twadde*** kear:
in oarloch om de hearskippij
op see, mei fijân Ingelân;
in part fan Hollânsk float wie nij,
ek Fryske skippen leine klear.
‘Wês wach,’ sa woe Van Wassenaar,
‘far net te rap de haven út!’
Hy wie op ’t lêst de admiraal,
De Witt kaam ta in oar beslút,
de polityk seach gjin gefaar.
De skippen fan de Republyk
besylden hoeden fijâns float,
dy’t yn in rjochte liny foer
mei sterke fjoerkrêft oan elk board,
wat resultearre yn panyk.
Der hearske gaos yn de float
en ek op ’t Fryske achterdek,
dêr’t Auke**** rekke middentroch;
de kûgels skeaten skippen lek,
de rest foer rap nei ’t eigen oard.
De slach by Lowestoft kaam oan
by skeinde float en polityk:
fiiftûzen deaden wiene neat,
mar ’t skipsfolk fan de Republyk,
dat moast wer sjitte… oaremoarn.
* Hendrik van Minderhout (1632-1696)
Skilderij ‘Seeslach by Lowestoft’
** Adriaen van Diest (1655-1704)
Skilderij ‘De slach by Lowestoft’
*** Twadde Ingelske oarloch (1665-1667)
**** Auke Stellingwerf, luitenant-admiraal fan Fryslân’ |