maart 1, 2020
fan ûnbekend*
Wat is yn ’t universum absolút?
Ik soe it net betinke kinne,
want it minskdom stiet net stil
as bliuwend byld, mar tinkt foarút,
is altyd yn relaasje.
In stien is gaadlik foar in byld, ferslyt
lykwols, kin ’t fan de tiid net winne,
mar ien stien wie sterk fan wil,
alhiel gjin tinken yn swart-wyt,
mar alles yn relaasje.
Sa rint de romte lykop mei de tiid,
ferbûcht in swiere stjer de romte;
’t universum stiet net stil,
beweging is der wiid en siid,
’t hielal is yn relaasje…
… mei Albert Einstein en syn wittenskip
fan relativiteit en faasje.
* Foto ‘Albert Einstein’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024