januari 4, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In minskelibben as gedicht,
sa docht it him wol foar
as men weromsjocht op ’e tiid
mei alle ûnderfinings
dy’t weromfûn wurde yn it koart,s
lykas gedicht, it libbenspoar.
In dichter, amper hjir bekend,
beskreau it libben as
gedicht, syn eigen, ek de tiid
dêr’t hy mei folk yn libbe
dat him ûnderfinings skonken hat,
sa makke ien al ’t oare los.
De dichter skreau syn libben lang,
wat lei him oan it hert,
dat wolris stûke troch de tiid,
mar ’t kloppe troch foar prachtich
Paterson, in lang gedicht as paad,
hy hat syn stappen dêrop set.
* Foto ‘William Carlos Williams’
** Foarkant ‘Paterson’
december 29, 2024
december 23, 2024