maart 22, 2026

fan ûnbekend*
Wat dreau de Deen nei Grienlân
dêr’t de kjeld it foar it sizzen hat?
De Deen is ek in minske
dy’t nijsgjirrich troch it libben giet
en freget wat op ierde bart.
Hy gie op ekspedysje
mei de fraach wat wie dêr lang ferlyn?
Allinnich iis of hawwe
minsken iiskâld fûle kjeld trochstien
of baaiden sy yn sinneskyn?
De Deen fûn spoaren út ’e
stientiid fan bewenning yn de kjeld
dy’t net mear sa stienkâld wie
as foarhinne, hjir en dêr wie grien
gebiet, wat hjoed de dei ek telt.
Foto ‘Grienlân’
februari 18, 2026
februari 8, 2026