februari 16, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De oarloch hie in wreed gesicht,
sloech wûnen yn de sûne hûd
en skeinde mannich antlit:
gjin gesicht, mar wie ’t foargoed?
It griisde Harold Gillies oan
dat in soldaat gjin hûd mear hie
dy’t him ta minske makke,
as sjirurch wist hy wol rie.
De sûne hûd kaam op it plak
dêr’t gjin gesicht werkenber wie,
it koe yn foarm wer komme
troch wat de plastysk dokter die.
Sa wiisde Harold Gillies oan
kollega’s de gesichts-technyk:
fan foarmleas nei werkenber
minske, sa de wrâld te ryk.
* Foto ‘Harold Gillies’
** Foto’s ‘Pasjinten fan Harold Gillies’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024