november 17, 2025

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Mear stiennen jouwe in gebou
in heger status as gewoanwei
wenten, leger by de grûn
falt minder yn it each,
útsein in glêzen hûs.
De arsjitekt woe wol wat oars
om eigen status te ferheegjen
troch te bliuwen by de grûn,
wat hy wol sitten seach:
’t ynterieur yn hûs.
Gjin stiennen, mar allinnich glês
mei sicht nei binnen en nei bûten,
beide fuotten op ’e grûn,
want minder stiennen is
mear each foar wat der bart.
* Foto ‘Arsjitekt Philip Johnson’
** Foto ‘In glêzen hûs’

november 12, 2025
oktober 19, 2025