januari 15, 2023
fan ûnbekend*
fan Dorothea Lange**
Wat kin in tastel al net dwaan
yn jierren fan depresje
as it sljochtweihinne folk
it útsicht op ’e takomst net mear hat…
sil dan in griis byld útkomst jaan?
Lit Dorothea fierder gean
as Washingtons papieren,
sy komt út op ’t plattelân
en bringt yn byld it lijen sûnder mear…
wa bliuwt sa noch yn ’t libben stean?
It leit him oan in ryk bestean,
ûntspoard troch yn te klauwen
wat besit is fan it folk
dat boddet foar it deistich drûge brea,
dat dwaan moat foar in skeamel lean.
Mei skerpte lei sy ’t lijen fêst
fan mem migrant en heiten,
swalkjend oer it skrale lân
om foar de bern op ’t libben sicht te jaan,
har byld lit sjen de swiere lêst.
* Foto ‘Dorothea Lange’
** Dorothea Lange (1895-1965)
Foto ‘Mem migrant mei bern’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024