februari 2, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
George Marshall, berne mei ien stjer
om’t er út ’e middenklasse kaam,
klom op nei’t militêre firmamint
en letter nei it politike,
syn karriêre wie lykas in sprint.
As generaal fan hjir nei dêr;
yn de Earste en de Twadde Kriich
koördinearre hy de strategy,
útrinnend op ’e alliearre
sege mei fiif stjerren foar syn rie.
Fiif stjerren wiene net genôch
om yn Sina te bemiddeljen:
de Kommunist fersloech de Kwomintang,
tegearre woe it net regearje…
dus Taiwan as steat, mar foar hoe lang?
George Marshall seach oan ’t firmamint
bleke stjerren nei de Twadde Kriich:
Europa’s steaten yn in minne steat,
hy koe sa’n útsicht net ferneare,
mei syn stjerren waard de delgong keard.
* Foto ‘George Marshall’
** Print ‘Marshall-help’
januari 19, 2025
januari 12, 2025