fan Bernard Strigel*
Sjoch, keizer Maximiliaan
yn reade dracht en eal fan bloed,
yn ’t ryk de alderheechste baan,
wat strielet ôf fan hân en hoed.
Hjir stiet de man mei yn de hân
it perkamint mei Habsburchs wurd,
fier rinne grinzen fan it lân,
de keizer giet as God oer grut.
Der hinget foar it boarst it flues
fan ’t netwurk, byld fan riddermacht,
dit folk fielt hy him wol by thús,
slacht adekwaat op status acht.
De keizer keart de rêch ús ta
en eaget ta it finster út,
hy glimket, sa wol hy it ha:
fan east nei west, fan noard nei súd.
* Bernard Strigel (1460-1528)
Skilderij ‘Keizer Maximiliaan I’
|