februari 28, 2021
fan ûnbekend*
In grut man mei it eachweid
op ’e leafde, strang ferbean
by wet en troch ús Leave Hear;
hy wie de jierren fier foarút:
sy kamen oan de ein ek klear.
De leafde net beheine
ta it houlik, man en frou
by wet en troch de Hear ferbûn;
hy wie foar elke leafdestút
en fierder… dat wie wat hy fûn.
Rjochts-ekstremisten holden
net fan wat er wie en sei,
sy holden har net oan de wet
en spilen foar de strange Hear,
fan homo’s hie dy gjin ferlet.
It eachtweid fan de nazi’s
wie beheind ta eigen ras
en leafde foar it heakkekrús,
sy wiene mei ’t ferskaat gau klear:
de ballingskip of ’t kamp as thús.
* Foto ‘Magnus Hirschfeld’
november 24, 2024
oktober 27, 2024