maart 21, 2021
fan ûnbekend*
Hy socht altyd de hichte op
en fleach as fûgel troch it swurk
om oeral oan te kommen,
dus bleau hy op ierde net sa’n skoft,
foel nea as bakstien út ’e loft.
De ierde rûn, syn ideaal,
beskôge hy as ’t hege wurk
om ’t eachweid te ferromjen:
fan Amearika, foarby Japan,
wer nei de startbaan wie syn plan.
Hy fûn op ’t hynder wat er socht:
ûntspanning foar de lea en geast
om efkes by te kommen;
fan dy hichte foel er op ’e grûn,
in langer flecht waard him net jûn.
* Foto ‘Lowell H. Smith’
november 24, 2024
oktober 27, 2024