Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lincoln Memorial

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Daniel Chester French**

Fan boeresoan ta presidint,
hy makke sa karriêre,
wist net wat him noch te wachtsjen stie,
it hie net folle minder kind.

As boeresoan wie hy net wend
oan striid om yn te stjerren,
dat in boargeroarloch wie yndie
foar him gjin doel as presidint.

It doel – fuort mei de slavernij –
moast hiel de naasje hearre,
fan dy wurden kaam it ta de die,
de oarloch makke slaven frij.

Foar Lincoln kaam in monumint
fan kalkstien en wyt moarmer,
omdat hy de naasje rêden hie,
’t stiet as ‘Memorial’ bekend.

Yn stilte stiet it folk derby;
de herten wurde waarmer
as it sjocht hoe grut hy is en wie,
want hy feroare ik yn wy.

* Foto ‘Lincoln Memorial’
** Daniel Chester French (1850-1931)
Byld ‘Abraham Lincoln’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum