Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Izige oerstek

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Adolf Northern*
fan January Suchodolski**

Gjin Rus wie yn de stêd te sjen,
wêr moast de Frânsman noch tsjin fjochtsje?
Tsjin it Kremlin mei heech lôgjend fjoer,
dan hie de Rus syn hert ferlern,
de Frânsman koe de rêch wer rjochtsje.

Image

It gie werom op Frankryk oan
mei snie dy’t oer de flakte jage,
wylst Kozakken foelen oan mei fjoer;
de Frânsman hat it doe bestoarn,
want bleat koe hy gjin kjeld ferdrage.

De Rus hie iten by de fleet,
de Frânsman rûn mei lege mage,
brette kat en hûn op ’t wiffe fjoer;
Napoleon hie ’t ek net breed:
in gifpil by de lêste fragen.

De Berezina kaam yn sicht,
rivier om stadich oer te stekken,
wylst Koetoezov foel fûl oan mei fjoer;
de Nederlanner die syn plicht,
mar koe de oanfal ek net brekke.

Image

Napoleon kriich it berjocht
dat yn Parys wie revolúsje,
op ‘e nij in rop nei lôgjend fjoer;
de keizer hie noch net syn nocht,
dus yn de takomst wol fidúsje.

* Adolf Northern (1828-1876)
Skilderij ‘Napoleon giet út Moskou wei’

** January Suchodolski (1797-1875)
Skilderij ‘Napoleons oerstek fan de Berezina’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum