december 26, 2025

fan ûnbekend*
Syn heit wie Quaker, man fan frede,
dy’t mei wurd en died it foarbyld joech
om lykwicht yn ’t bestean te sykjen,
dat de iene net de oare sloech…
de soan lykwols woech op syn eigen wize.
Studint Klaus Fuchs wie net tefreden
mei ien stúdzje op ’t eksakte mêd,
seach hoe’t atomen út it lykwicht
rekken, reitsjend sels de grutste stêd…
de soan lykwols foel yn de prizen.
Hy wurke yn de perioade
fan de kâlde oarloch, wat him brocht
ta de konklúzje dat it lykwicht
nukleêr ferbrutsen wie, dus mocht
hy kommunisten ’t paad wol wize.
It paadwiis meitsjen mei dy koade
brocht gjin frede, ek net foar himsels,
hy rekke jierren út it lykwicht
yn de finzenis, wat minder helsk
is as de bom… om fan te grizen.
* Foto ‘Klaus Fuchs’
december 4, 2025
november 26, 2025