fan Louis Gallait*
Dêr lizze eallju mei ’t ynteger hert,
dat net mear tsjinnet as in pomp,
net langer kloppet foar de oar,
want skieden is de holle fan de romp.
Sy libben frij-út yn de drege tiid
fan wa’t net roomsk is, hat der west,
dêr wie de ynkwisysje foar,
mar beide eallju giene foar ’t protest.
Greef Hoorne en Van Egmont wisten wol
dat Alva kaam út Spanje wei
om elk te setten op it spoar
fan wat syn baas, Filips de Twadde, sei.
Mar wat gjinien fan him ferwachte hie,
wie dat de eallju rekken fêst,
de frijheid gie foar har teloar,
mar yn de sel fûn it gewisse rêst.
It rjocht waard brutsen doe’t it oardiel kaam,
mar net it hert dat frijheid preau
foar’t folk dat bleau yn ’t eigen spoar,
op ’t lêst de Spaanske tiranny ferdreau.
* Louis Gallait (1810-1887)
Skilderij ‘It lêste earbetoan oan
de greven Van Egmont en Hoorne’ |