januari 24, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In swalker wie er, libjend yn
de marzje fan de maatskippij,
hy naam it net sa nau mei wetten,
gie mear as ien kear oer de grins,
hat fan ferskate wâlen fretten.
Sa streamde Hasek ’t leger yn,
rûn maklik nei de fijân oer
en fan it tsaarrezjym nei Lenin,
hy fielde him in frij soldaat,
moast neat ha fan gesach en kening.
Fan frij soldaat waard hy auteur,
dy’t skreau in masterwurk oer Schweik,
in braaf soldaat… tsjin dissipline
fan kapitein, majoar en prins,
hy liet him troch gjin kening bine.
Sa liket Schweik op de auteur,
soldaten mei autoriteit,
marsjearjend op de eigen mjitte,
it leit no ienkear yn har aard
om fierder nearne mei te sitten.
* Foto ‘Jaroslav Hasek’
* Foarkant boek ‘De aventoeren
fan de brave soldaat Schweik’
november 24, 2024
oktober 27, 2024