oktober 3, 2021
fan Grant Wood*
Kin yn it lân fan dream en winsken
wol in keunstner opstean dy’t weromgiet
nei de âlde wrâld fan de gotyk?
Grant Wood hat net oars winske
as de dream dy’t útkomt by it ryk
fan boer en de boerinne.
Se steane as twa sljochte minsken
foar de buorkerij en yn foar ’t wurkjen
oan in nije wrâld as har replyk
op wat gotyk earst winske:
nei de hichte stribje… út it slyk
troch boer en de boerinne.
It slyk is troch har skreppen drûge,
fruchtber wurden, grûn om nei de hichte
ta te rikken, oan gotyk gelyk;
gjin hichte foar’t der ploege
is, de risping makket dûbel ryk
de boer en de boerinne.
* Grant Wood (1891-1942)
Skilderij ‘Boer en boerinne’
Skilderij ‘Boer en boerinne by de ploech’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024