fan C. Bogerts*
De oarlochs- en de hannelsgeast
ha meastal gjin relaasje,
want de iene heart de knal it leafst,
de oare sjocht nei ’t jild yn ’t laadsje.
’t Wie oarloch, mar de hannelsfloat
foer feilich nei ’t noardeasten
mei sân linyskippen board oan board,
’t wie frede tusken beide geasten.
Oan bakboard brûsden skippen oan
yn liny en mei faasje,
lûde knallen klonken op ‘e toan
fan stride foar de Britske naasje.
De seeslach by de Doggersbank
hie winner noch ferliezer,
mar de hannelsgeast brocht God de tank,
it laadsje lykwols waard net wizer.
De striders wol: metaal en wurd:
Troch oarloch wurdt it frede.
Kriich de oarlochsgeast in lange sturt
fan wolfeart? ’t Folk hie meast de neden.
* C. Bogerts (1745-1817)
Skilderij ‘Slach by de Doggersbank’
|