oktober 19, 2025
fan ûnbekend*
Wat diene wy as blanken
yn de gurle fan smaragd,
ús koloanje Yndië,
dy’t earlik hearde by de naasje
mei de dunen, blank de top,
de naasje mei de heechste macht.
Wy kamen om te stellen
speserijen foar ús miel,
smoarryk waard ús eigen ryk,
dat earlik wier de wrotters smoarde,
neat woech tsjin de blanken op,
sy griepen lytsen by de kiel.
Wat diene wy as grutten
mei de gurle fan smaragd
doe’t de rop fan frijheid klonk?
De ealstien waard in nije naasje,
wylst it dún ferlear syn top
nei iuwenlang nei goud op jacht.
* Foto ‘Grien Yndonesië’
oktober 5, 2025
september 28, 2025