december 1, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wie Edith Cavell lykas Nightingale
in mem foar de soldaten
of wie sy in Ingelske spion?
It hong der mar fanôf
mei wa’t men dizze saak beprate.
De dûmnysdochter hie in heech moreel,
wie soarchsum foar de siken,
hiele djippe wûnen fan de kriich,
se liet har yn as frou
mei grinsoerrinnend wurk, die bliken.
Soldaten brocht sy oer de grins,
droech oer de ynformaasje
dy’t se fan ferwûne Dútsers kriich,
bleau trou oan har moreel
en ’t leger fan de Britske naasje.
Foar Dútsers gie sy troch foar ’t minne mins
en doe’t sy finzen rekke,
ûndergie sy ’t lot fan in spion,
gjin ear foar ‘Nightingale’,
it skot koe har moreel net brekke.
* Foto ‘Edith Cavell’
** Foto ‘Begraffenis fan Edith Cavell’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024