april 13, 2020
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As man fan ’t Wylde Westen
skeat er bizons om it fleis
te bringen nei de wurkers oan it spoar,
syn earmen hongen selden stil,
syn skonken wiene altyd ûnderweis,
sa wie ’t bestean fan Buffalo Bill.
As man fan trettjin baantsjes
wie er letter as soldaat
it foarbyld foar it libben fan in oar:
yn ’t inerlik in sterke wil
en uterlik de wizer fan it paad,
sa wie ’t bestean fan Buffalo Bill.
As man fan show en sirkus
reizge hy fan plak nei plak
mei ‘Buffalo Wild West Show’ yn it spoar,
hysels wie fan ’t gehiel de spil,
de yndiaan kriich by him ûnderdak,
sa wie ’t bestean fan Buffalo Bill.
* Foto ‘Buffalo Bill’
** Foto ‘Buffalo Bill Wild West Show’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024