maart 14, 2021
fan ûnbekend*
Sels liket hy ynferzen,
Clarence Birdseye yn de kjeld
fan ’t hege noarden, Labrador
hat him in kâld geheim ferteld.
Hy soe de earste wêze
dy’t de wrâld in friezer joech,
’t idee kaam út it noarden wei,
dêr’t hy troch iis syn kânsen woech.
De froarst liet Clarence witte:
fluch beferzen fisk hat sin,
ûntteid en bakt, it smakket goed,
de konsumint bringt grif gewin.
Birds eye seach him wol sitten…
stean: de friezer tsjin bedjer
en foar de smaak, de hannel wie
dernei, ’t produkt kriich mannich stjer.
* Foto ‘Clarence Birdseye’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024