augustus 15, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
De ibis wie foar him model
foar hoe’t men fljocht op eigen wjukken,
net earst op en dan wer del,
mar streekrjocht nei de einbestimming.
Earst fûn er ynstruminten út
dy’t pasten yn syn fleanmasine
foar in lange flecht: koers súd,
Australië as einbestimming.
In soloflecht mei sechtjin kear
wer nei de grûn, dus net allinnich,
mar foar him wie wol de ear
doe’t hy berikte syn bestimming.
It lei net oan syn feardichheid
dat syn masine by Florence
crashte, dat de ivichheid
hie hy te ier as einbestimming.
* Foto ‘Op rûte nei Australië’
** Foto ‘De crash by Florence’
oktober 27, 2024
oktober 20, 2024