It is yn goud beskreaun,
in frommes fan formaat,
wa sil har fine?
Sân kralen binne reaun,
folslein is it ferskaat,
sa sil sy him ferskine.
Zaijn stiet rjocht oerein
lykas har krêftich stal
om oan te reitsjen;
de kroan, derboppe lein,
past op har holle wol,
dat twatal sil it meitsje.
In frommes fan formaat
rint yn it read foaroan,
sil hy dy fine?
Hy stiet by har yn ’t skaad,
is fan deselde toan,
de leafde sil har bine.
Sjoch ek: Religy Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav |