Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst ‘Wa bisto’

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 7 desimber 2008 yn Drylts

Image
Rembrandt – Jong famke

1. Tarissing

Op dizze Twadde Advint,
yn in tsjustere tiid,
yn it koartsjen fan de dagen
en it ôfnimmen fan it fertrouwen,
in tiid fan krisis,
giet ús ferwachting út nei de Heare
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.

2. Sjonge
Liet 124: 1, 2 en 3

3. Foar de bern

Wa bisto?
Ien fan de bern kriget in masker foar.
Wa bisto no?
Bist feroare of noch deselde?

Bisto bliid mei dysels?
Dan bist gelokkich.

Bisto bliid mei watst krigen hast op Sinteklaas?
Dan bist ek gelokkich.

Bisto bliid mei it feest dat oer in pear wiken komt?
Dan bist ek gelokkich.

Trije kear gelokkich.
It kin net better.

Image
Mondriaan – Biddend bern

4. Sjonge
Liet 124: 4 en 5

5. Bea

Hear, wa binne Jo?
Wy neame Jo Hear, want Jo geane fier boppe ús út.

Mar wy neame Jo ek Heit, want Jo binne likegoed tichtby.
As in heit dêr’t wy op fertrouwe kinne.

Wy neame Jo de Ivige, want Jo binne net,
lykas wy, bûn en plak en tiid.

Wy binne bûn oan dizze ierde,
troch de swiertekrêft mei beide fuotten op ‘e grûn.
Wy bidde Jo om ús út te tillen boppe de noeden
dy’t it ferkearen op ierde meibringt:
de swierte fan lichem en geast,
de swierte fan de iensumens
en noch safolle swierrichheden mear.

Wy binne bûn oan tiid, oan dizze tiid,
no’t de krisislûden rûnom klinke.
Wy bidde Jo om ús troch de tiid hinne te lieden
as minsken dy’t witte fan in nije tiid.

Wy neame Jo de Iene,
om’t Jo de Iennige binne
dêr’t wy folslein op fertrouwe kinne.
Gjin fertrouwen ha wy op machthawwers fan dizze wrâld
dy’t inkeld each hawwe foar de besteande oarder,
foar it grutkaptaal mei hege bonussen,
sadat widdows, bystânmemmen, âlderen mei inkeld AOW,
bern yn de nederklits en flechtlingen
it dwaan moatte mei de krommels
dy’t fan de rike tafels falle.

Wy neame Jo de Heit fan de Soan
dêr’t yn dizze Advintsttiid ús ferwachting nei útgiet.
Mei it tsjuster ferjage wurde
en it ljocht daagje yn it easten.
Amen

6. Sjonge
Liet 126: 1

7. Lêze
Jesaja 40, 1-11

Image

Repin – Joad yn gebed

8. Sjonge
Liet ‘Sûnder toarst’
Wize: Liet 489 út it Lieteboek foar de tsjerken

It lot fan finzen Joaden
wie treurje by de âlde stream,
de liere yn de wylgebeam,
gjin fuotstap fan Gods boade,
wol smachtsje fan de toarst.

Nei libbenslange jierren
stie op Jesaja, de profeet,
syn streamend wurd foar ’t folk yn need
hat boarnen iepenbierre
foar ’t dwêsten fan de toarst.

Jim earmen kinne drinke,
hear ’t brûzjen fan de stream,
de liere út ‘e wylgebeam,
lit alle snaren klinke,
gean sûnder toarst op wei.

9. Lêze
Jehannes 1, 19-28

10. Sjonge
Liet 126: 2

11. Ferkundiging 1

Wa bisto?
As dy fraach oan dy steld wurdt, dan seist dyn namme. Eartiids heakke de man of frou noch ta: “Ien fan Klaas en Willemke.”
Us pake Anne begûn faak sa: “Ken ik jo net?” En as de man dan syn namme neamde, rôp pake: “No wit ik it, jo binne ien fan Klaas en Willemke!”
Faak gong dan in wrâld foar him iepen, seach er Klaas van der Meulen oan it roer fan it Súdwesthoek-skûtsje stean; as opslûpen jonges hiene se tegearre noch fiten úthelle yn Wâldsein. Yn de namme ljochte dan ek in glim op fan it wêzen fan Klaas, hoe’t er wie.

Wa bisto, preker fan treast yn de strjitten fan Babel?
“Myn namme is Deutero Jesaja, Jesaja de Twadde.”
“Binne jo dan ien fan Jesaja de Earste?”
“Nee, dat wie wol famylje fan my, in geastlike foarfaar, dy’t Jeruzalem it mannewaar opsei, om’t it folk net libbe nei de belofte fan God.”
“O, no giet my in ljocht op, sa is it folk úteinlik nei Babel rekke, yn ballingskip, mar my stiet noch net dúdlik foar eagen wat jo rol krekt is.”
“It is in pracht fan in rol! Ik mei trochjaan dat der nei de rede fan God in feestlike sfear yn de himel hearsket.”
“Rede fan God?”
“Treast, treast myn folk, sprek Jeruzalem moed yn en rop har ta dat it dien is mei de slavetsjinst. Al wat libbet sil myn gloarje sjen.”
“En wa fiere dan feest?”
“De ingels, want it giet net allinnich om ús eigen folk, mar om alle libben op ierde. En sis no sels, is dat net in reden om út it dak te gean? Troch it himelske dak nei de woestyn.”
“Wat hat de woestyn dêr no mei te krijen?”
“De minske is as gers, dat troch de gloeiende woestynsinne ferskroeit.”
“Gjin reden om de flagge út te stekken.”
“Wol as de ingels wegewurkers foar God wurde om troch de woestyn hinne in paad oan te lizzen. Sjochst it al foar dy? In lange optocht fan frije minsken tusken blommen troch, swaaiend mei de flaggen fan heil, op ‘en paad nei it lân fan belofte, lykas Mozes mei syn folk.”
“Ja, ik sjoch it, om waarm fan te wurden.”

Image
Jan Swart van Groningen – Ferkundiging fan Jehannes de Doper

Wa bisto, preker en doper yn de woestyn?
“Jehannes.”
“Famylje fan de Messias?”
“Jim meie my net oansjen foar de Messias.”
“Elia dan?”
“Nee.”
“In profeet!”
“Ek gjin profeet.”
“Mei watfoar boadskip moatte wy dan werom nei Jeruzalem?”
“Nim myn stim mar mei.”
“Hoe kinne wy no in stim meinimme?”
“De stim dy’t itselde ropt as Jesaja, oer in grutte optocht fan frije minsken mei foarop Ien dy’t no noch tusken ús yn stiet. As jim it lûd fan Jesaja en my meinimme, dan geane jimsels ek yn optocht sjongend en dûnsjend werom nei Jeruzalem.”

In lûd om waarm fan te wurden…

Wa binne jo?
As dat frege wurdt, seist dyn namme en dêrmei is hjoed de dei it praat faak út.
Famylje fan …?
O, dat is jo broer
. No wurdt der al in ferbining lein.
Is dy net mennist? No komt de geastlike wrâld al foar it ljocht.
O, jo binne sels lid fan de menniste gemeente yn Drylts. No komt it al tichter op ‘e hûd.
Komt der noch wat folk by jim yn tsjerke? In reële fraach, wier of net?
Dus oer in jier of tweintich kin de lêste de doar slute. Bam!
Feest, seine jo? In nije dûmny?
O, is dat sa, yn in optocht fan frije minsken troch de woestyn hinne, tusken blommen troch en foargonger Cor Nijkamp rint mei de flagge fan hoop, leauwe en leafde foarop.
Wêrhinne, as ik freegje mei?
It wurdt stil.

Sille wy straks it antwurd mar jaan?   

Image
Van Gogh – Selsportret

12. Sjonge
Liet fan wa en wêr: 1, 2 en 3
Wize: Liet 133 út it Lieteboek foar de tsjerken

Wa bisto minske? is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
It krekte antwurd jou ik graach,
mar ’t slagget amper, bin ik bang.

Wa bisto, minske yn it leed
dat taslacht by berch Sion wei.
God rôp my as syn heilsprofeet,
ik rop hjoed út in nije dei.

Wa bisto, man by de Jordaan
dy’t opslacht út ‘e delte wei.
Ik kin ienfâldich ’t antwurd jaan,
wa’t mei de Geast doopt, komt hjirnei.

13. Ferkundiging 2

Wêr komme jo wei?
Fan Drylts? No ik moat sizze, dat plak hat wat! Ien fan de alve stêden en haadstêd fan de gemeente Wymbritseradiel.
Wat seine jo? Net lang mear? Hoe ha wy it no?
By Snits, wrachtich en ik tocht: Wymbrits nea by Snits.
Ik begryp it: sa’n grutte gemeente kin útrinne op in nije ballingskip, in woestyn fan ferfrjemding.

“Wêr komsto wei, Jehannes?”
“Myn plak is yn de woestyn.”
“Dat is no net it gaadlikste plak om te ferkearen.”
“Yn  de woestyn komst faak ta dysels en tichter ta God.”
“Ta dysels seist?”
“Do learst dêr op ‘en djipst waast bist… ik, Jehannes dy’t de wei ree meitsje moat foar dy’t nei my komt… ik dy’t te min bin om de riemen fan syn sandalen los te meitsjen.”
“En tichter ta God seist?”
“Yn de iensumens en stilte fan de woestyn kinst God tsjinkomme.”
“Hoe moatte wy ús dat foarstelle?”
“Ik soe dy it ferhaal fan Mozes fertelle kinne.”
“Dat ha wy al faak heard en lêzen… Mozes dy’t God op ‘e berch Horeb metten hat, middenyn de woestyn.”
“Mei dat ferhaal komst tichter ta God.”

Image
Rembrandt – De twa negers

Ik woe jim no it ferhaal fan de Swarte Mozes fertelle, dy’t yn de fjirde ieu nei Kristus libbe.
Hy wenne as negerjonge yn in doarp yn Afrika. Op in kweade dei waard it doarp troch de Romeinen oerfallen en de jonge neger waard ek as slaaf meifierd. Se ferkochten him op ‘e merk oan in rike boer. Hy moast alle dagen op it lân fan syn blanke master wurkje, mar nettsjinsteande it swiere libben groeide er út ta in beam fan in keardel.
Op in folgjende kweade dei seach er dat syn master in moaie slavinne kocht hie, dy’t er yn de stâl ferkrêftsje woe. De negerslaaf waard sa kûgelsk dat er syn master deasloech. Mei de slavinne flechte er, want op moard troch in slaaf stie de freeslikste deastraf dyst mar betinke koest. As se him tegearre mei de slavinne te pakken krigen, soe dy ek net frijút gean. Ut leafde gong er by har wei.
Hy waard de lieder fan in binde dy’t yn de woestyn karavanen oerfoel. Mar om’t er froulju en bern sparje woe, fielde er him ek net op syn plak as rôver.
Yn de woestyn sleat de no folwoeksen neger him oan by in koloanje fan minsken dy’t ta harsels en ta God komme woene. Nei ferrin fan tiid die bliken dat syn tsjuster libben fan slaaf, moardner en rôver foar him iepen lei. Hy wist op ‘en djipst wa’t er west hie en hie langstme om te witten wa’t er wurde koe. Hoewol’t yn de koloanje in minderheid tsjin de doop fan in neger wie, waard er dochs doopt. No wist er wa’t er wurde koe: as Mozes dy’t syn folk nei it lân fan belofte brocht hie.
Swarte Mozes groeide yn de stilte fan de woestyn nei God ta en waard in wiis man. Der kamen minsken nei him ta dy’t om rie fregen hoe’t sy ek tichter ta harsels en ta God komme koene. En Mozes lei syn libben oan har foar en gong harren sa foar nei it lân fan belofte.
Nei’t er al op jierren kommen wie, waard er troch it swurd fan in bindelieder om it libben brocht. Doe briek de tiid oan dat er folslein ta God kaam.

Yn in optocht fan frije minsken rinne wy troch ús eigen woestyn, tusken blommen troch en sjoch foargonger Cor Nijkamp rint mei de flagge fan hoop, leauwe en leafde foarop.
Wêrhinne? wie de fraach dêr’t noch gjin antwurd op kommen is.

Mar ha wy al antwurd op ‘e fraach oft der yn de woestyn wol blommen bloeie. Is de woestyn wol sa’n moai plak om yn te ferkearen? It folk Israel wist oer it lijen yn de woestyn mei te praten. Alle dagen mar wer ûnder de gleone sinne fierder bokselje. En dan dy smachtsjende toarst, dat de tonge harren as lear yn de mûle lei.
En ús eigen woestyn? Nee, letterlik bokselje troch it hjitte sân hoege wy net. Mar ast slim siik bist, dat de hiele lea dy sear docht? Of do hast dyn man, frou of ien fan dyn bern ferlern? Of do fielst dy sa iensum as wiest lykme allinnich yn de woestyn?
Ik kin der sels oer meiprate. Mar yn myn woestyntiid kamen Itty en Alida fan de menniste gemeente fan Drylts mei blommen by my en it wie as rûn ik tusken blommen troch en seach ik yn de fierte, hiel yn de fierte in oase fan hoop, leauwe en leafde. Ik jou ta, it wie faak in fata morgana, in loftspegeling, mar dochs…
Wêr moast ik hinne?

Wêr giesto hinne, Jesaja de Twadde?
Wer nei it lân fan belofte, mei it folk út ballingskip wei nei Jeruzalem.

Wêr giesto hinne, Jehannes?
Nei de Jordaan om te dopen, troch de dea hinne nei in nij libben.

Wêr giesto hinne?
Wêr geane wy hinne?
Miskien earst noch troch de woestyn om ta dysels en ta God te kommen.
En dan leit de wei iepen oer flakke en rjochte paden nei it lân fan belofte.
Amen

14. Oargel

Image
Repin – Aartsdiaken

15. Sjonge
Liet fan wa en wêr: 4, 5 en 6

Wêr giesto hinne, heilsprofeet,
sa troch de sân- en rotswoestyn.
Mei ’t folk rin ik út ballings need
berch Sion op, de frijheid yn.

Wêr giesto hinne, man fan Wurd
en wetter yn de iensumheid.
Ik gean de stream yn, spiel sa fuort
it kwea dat op ‘e siele leit.

Wêr giesto hinne? is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
Yn optocht mei it hoopjend laach
nei ’t antwurd mei muzyk en sang.

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

Image
Rembrandt – Rembrandts mem as profetes

17. Sjonge
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

18. Seine

No’t wy elkoar yn de eagen sjoen ha
en witte wa’t wy binne,
geane wy as minske foar minske oer,
as minsken, fan tiid net wis,
mei minsken troch de dagen.
Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image
Rembrandt – Titus yn muontsepij

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum