Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan mem en bern

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 9 juny 2013 op De Jouwer

1. Tarissing

Image

Op ‘e tredde snein nei Pinkster is de kleur grien.
Grien is de kleur fan de hope en fan nij libben.

Hoewol’t it begjin fan de bibelferhalen op dizze snein
swart as de nacht is,
kleuret de ein grien fan nij libben.

Mei dit teken roppe wy de help yn fan God,
de Skepper fan de himel en de griene ierde,
dy’t útsicht jout op nij libben.
Amen

2. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2, 3, 4 en 5

3. Gebed

Hear, no’t it nei it langst fan de dagen rint,
wint it ljocht it fan it tsjuster
en hat it grien it wûn fan de grize winter en kâlde maitiid.
Wy tankje Jo foar dit ferrin fan de tiid.

Mar middenyn de simmer kin it ek winter wêze.
Foar minsken yn in persoanlike krisis is it dan tsjuster.

Wês mei de siken, dat sy wer nei it ljocht ta libje kinne,
ek al wurde sy net wer folslein sûn.

Untfermje Jo oer de minsken dy’t iensum binne,
dat sy wer oanspraak krije, ljochtpunten yn it libben.

Wês mei de wurkleazen, dat sy it selsfertrouwen behâlde,
want sa wurkje sy oan harsels.

Wês mei de minsken dy’t treurje om de dea fan in leave neiste,
dat yn de neare nacht harren stjer klear skine mei.

Wês mei bern dy’t kâld wurde fanwege in leafdeleaze tiid,
dat sy de waarmte fiele fan minsken dy’t fan bern hâlde.

Wês mei de wrâld dêr’t de matearje foar master opslacht,
dat de Geast oer ús komme mei om de wrâld te besieljen.
Amen

4. Sjonge    
Psalm 116: 1, 2 en 4

5. Ynlieding

Image

Oer in wike is it heitedei, de dei dat de bern heit yn it sintsjes sette fanwege syn fertsjinsten yn de húshâlding. Dogge jim oan heitedei?
Hoewol’t heit net mear allinnich baas is, spilet er noch altyd in wichtige rol, miskien noch wol belangriker as yn it ferline, want der binne tsjintwurdich troch de wike ‘papadagen’, dan is heit de oppasser fan de bern.

En mem? Sy hat har memmedei op 12 maaie hân. Dogge jim oan memmedei?
Ik sil net freegje hoe’t it by jim wie doest sels bern wiest. Hoewol’t ik in poerbêste heit hân ha, loek ik dochs mear nei mem ta. Fielt in bern yntuïtyf oan dat mem foar de berte al tichterby is? It groeiende berntsje yn de búk fan mem… lea yn lea.

Wa’t sels bern hat, wit fan… nee, fielt de grutte wearde fan bern oan. Bern binne net allinnich de takomst, mar as it goed is, nimme se de âlders mei nei de takomst. Tusken bern bliuwt in folwoeksene jonger as syn leeftyd oanjout.

Hoewol’t yn it ferline bern in oare rol spilen as hjoed de dei, se waarden earder sjoen as lytse folwoeksenen, is de leafde foar bern troch de ieuwen hinne de stabile faktor. Memme- en heiteleafde binne foar in bern ûnmisber om in lykwichtige en ynfielende folwoeksene te wurden.

Image
Fatikaansk fresko

Yn de Bibel sjogge wy dat de leafde foar it bern sa grut wêze kin dat de âlders sels ôfstân fan har jonkje dogge om syn libben te rêden: Mozes yn it arkje op ‘e Nyl.
En Hanna wol sa graach mem wurde en memmeleafde jaan dat sy neffens har belofte de lytse Samuël, as dy fan it boarst ôf is, nei pryster Eli bringt om ta de tsjinst fan God oplaat te wurden.

Mar no de oare kant yn de ferhâlding âlders-bern.
Wat sizze wy derfan as 400.000 bern libje yn húshâldings ûnder de earmoedegrins?
Fine wy it al gewoan wurden dat bern hinne en wer reizgje tusken skieden âlders?
Hoe komt it op ús oer as in heit twa soantsjes meisleept de dea yn?
Hoe is it om in bern te ferliezen… by de berte… as beuker… as skoalbern… as puber… Marianne Vaatstra?

Iksels wurd der stil fan… wat moat ik hjoed noch sizze?

Doe’t ik 55 jier lyn op De Jouwer op de mulo siet, ferûngelokke ús populêre tekenlearaar op ‘e motor ûnderweis nei skoalle. Tusken dat barren en syn begraffenis frege ik my ôf wêrom’t it net mooglik wie dat er opstie út ‘e dea. Ast dy dat ôffregest by in folwoeksene, dan is de fraach by de dea fan in bern noch folle ynkringender.
Elk antwurd dat jûn wurdt, is tagelyk wer in fraach.

6. Sjonge
Psalm 116: 5, 6 en 7

7. Lêze
1 Keningen 17, 17-24

8. Sjonge
Liet fan de bernestim: 1 en 2
Wize: Liet 334 út it Lieteboek foar de tsjerken

Freugde is it as in bern
daliks lûd jout nei de berte,
dy primeur giet net ferlern,
klinkt noch troch yn alle herten.
Yn de leafde fan de âlden
sil de stim it suver hâlde.

Yn de leafdessymfony
groeit it bern nei syn bestimming,
sjongt de libbensmelody
troch te jaan en yn it nimmen.
Op ‘e grins, folgroeid yn jierren,
klinkt syn kleare stim fan fierren.

Image
Berthe Morisot

9. Ferkundiging 1

Ik wie dermei oan. Ik bedoel mei de twa bibellêzings dy’t hjoed op it programma steane. En as ik earlik bin, dan bin ik der noch wat mei oan.

Miskien is it ferstannich dat wy dêrom earst in pear fragen oan Lukas stelle, de skriuwer fan it evangeelje mei syn namme en fan it bibelboek Hannelingen.

Lukas, der wurdt sein dat jo de skriuwer binne fan it evangeelje en Hannelingen, mar dêr wurdt ek wol oan twivele… wat is de wierheid?
De wierheid is de ynhâld fan beide boeken, dêr stean ik folslein achter. Dan is it net belangryk wa’t de skriuwer is.

Binne jo fan berop wol auteur?
Nee, ik bin dokter en hoewol’t der yn de brieven fan Paulus gjin sprake fan is, bin ik wol in pear kear mei him opreizge. Foar ien dy’t sokke lange reizen makket, is it wol maklik dat in dokter sa no en dan ris nei syn fuotten sjocht.

Dokter, seine jo… ha jo dêrom sa ynlibjend oer minsken yn de nederklits skreaun?
In dokter hat te krijen mei folk fan allerhande slach, mar earmen, widdows en frjemdlingen ha wol myn spesjaal omtinken krigen, dat is wier… de wierheid om sa te sizzen.

No sille wy fan ‘e moarn it ferhaal fan de jongfeint fan Naïn lêze, in prachtich ferhaal, mar yn ús tiid slacht de wittenskip foar master op, dy’t om bewizen freget, as jo my goed begripe.
In dokter giet ek op fêststelde feiten ôf. As ik in pynlike foet ûndersykje, dan sjoch ik earst oft it iene plak ek dikker is as it oare, begripe jo?

Ja, mar no it ferhaal fan dy jongfeint.
In skriuwer is gjin dokter. Dus wat ik dien ha by it skriuwen fan it ferhaal oer de jongfeint fan Naïn, is weromgean nei it ferline, nei de tiid fan de profeet Elia. It ferhaal fan de widdo fan Sarfath ha ‘k brûkt by it komponearjen fan it ferhaal oer de jongfeint… dúdlik?

Nee, as ik goed harke ha, is it ferhaal oer it wer libben wurden fan de jongfeint dus sa net bard.
Ha ‘k dat sa sein?

Nee, mar…
Jo binne in man fan de wittenskip, lykas my?

Nee… ik bin gjin dokter.
Jo binne dus in man lykas my, fan it ferhaal dat wierheid is en wa wit… werklikheid wurde kin?

Ja, wa wit… amen
Ja, amen, sa is it. Wy moatte werom nei Sarfath, wy kinne dêr net oan foarbyrinne.

It bart… het geschiedt…
As dy wurden boppe in ferhaal steane, doch dan de earen mar iepen, want dan bart der wat.
Hoe is it mooglik! Der is in bûtenlânske widdo dy’t in úthongere profeet te drinken en te iten jûn hat en him yn de boppekeamer op it platte dak in bêd oanbean hat. Bêd en brochje…
En dan stjert har soantsje. Soest de himel net ferflokke?
‘Man fan God! Jo binne grif kommen om my myn kwea yn it sin te bringen en te meitsjen dat myn soan stjert. G… V…D… God, ferdom my mar, want de dea fan myn soantsje sil foar de stêd oanlieding wêze om kwea oer my te sprekken en no’t myn iennige soan dea is, kin letter gjinien foar my soargje… ik ha gjin takomst, bin foargoed ferdomd.’
Sa is it, want hoe soe dizze frou noch takomst ha? De stêd sil oer har rabje: ‘Sjochst wol, earst har man al dea en no har soantsje. Wat ik dy sis, sy moat withoefolle sûnden dien ha. Ferkeart sy net mei in bûtenlanner ûnder ien dak?’
Hoe soest yn sa’n fermidden noch as frou allinnich libje kinne? Gjin bystânsmem, want sy hat gjin bern mear. En gjin ynkommen as âlde frou, want AOW wie der doe net en sy hat gjin soan mear om foar har te soargjen.
En dat mei in bûtenlânske profeet-swalker ûnder ien dak!
‘Hoe ha ik it no mei jo, godsman?’
No’t har dit drama oerkommen is, hat sy neat mear mei de godsman.
Mar de godsman wol mei har. Hy krijt tige mei har te dwaan en komt yn beweging om wat te dwaan. Hy nimt har soantsje, noch waarm en slop, mei nei syn boppeferbliuw, tusken ierde en himel. En dêr ropt er de himel oan, gjin ferflokking, mar in oanrop:
‘G… OE… M… God oer my!’
Sa stiet it net yn de Fryske Bibel, ek net yn de Bibels fan it Nederlands Bijbelgenootschap, mar wol yn de Hebrieuske grûntekst en yn de Naardenske Bibel: ‘God oer my!’
Mei sa’n oanrop moat der wol beweging komme. God dy’t oer Elia, syn tsjinstfeint, komt, oer him hinne bûcht, Geast mei in haadletter oer de geast mei in lytse letter, Geast op geast.
En dan docht Elia itselde, hy bûcht him oer it deade jonkje, lea op lea, libben op dea, trije kear achter elkoar, oant de Geast mei in haadletter de geast mei in lytse letter oan it jonkje weromjout… God oer it bern.
God oer my… G… OE… M, is dat it mystearje dat libben bringt? As de Geast mei in haadletter oer de minske komt, barre wûnders. Tusken himel en ierde, tsjin alle witten yn.

Image
Gustave Doré

10. Sjonge
Liet fan trochgeand libben: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 489 út it Lieteboek foar de tsjerken

Elia giet nei Sarfat
fanwege honger yn it lân,
hy hat gjin helper by de hân
en wol net dat it sa moat,
wa’t libbet, jout it troch.

In widdo by de poarte
lit him net sûnder iten stean,
sil foar it alderlêste gean,
mar sy wurdt sels net koarte,
wa’t libbet, jout it troch.

De goedens en it kweade
behearskje ’t libben fan de frou,
nei freugde komt de djippe rou,
har soantsje wurdt in deade,
wat jout it libben noch?

Elia rint nei boppen
mei yn de earms it deade bern,
giet no de hoop foargoed ferlern?
Hy kin net oars as roppe:
‘God oer my, jou it troch!’

Hy jout syn eigen siken,
de hope flammet trije kear,
it is genôch, der komt in kear,
God oer him sil net wike,
wa’t libbet, jout it troch.

11. Lêze
Lukas 7, 11-17

Image

12. Sjonge
Liet fan it jongeslibben: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Tuskentiden 5

Yn de mannichte fan lûden,
yn de staasje fan de dea,
fûn gjin minske doe it goede,
ûnderfûn elkien it kwea.

Op ‘e lykbier lei de jonge
fan de widdo, iennichst bern,
’t jammerjen hie neat fan sjongen,
’t lijen wie har oan te sjen.

Tsjin de mannichte fan lûden
rûn de libbensstaasje yn,
pratend earst, doe stil te moede,
wachtsjend op in oare wyn.

Lûden waaiden nei de fierte,
yn de stilte fan de dea
koe men net fan libben witte,
gjin beweging fan de lea.

Doe beweegde it fan binnen,
oandien rekke Jezus’ moed,
’t libben moast it sprekkend winne,
sicht op moarn yn plak fan hjoed.

Wurd fan libben liet de jonge
opstean út ‘e neare dea,
beide staasjes koene sjonge,
freugde klonk oer hiel it gea.

13. Ferkundiging 2

Lukas, no’t wy it ferhaal oer Elia en de widdo fan Sarfath yn ús opnommen ha, kinne wy ús yntinke dat jo dêr fanút gien binne by it skriuwen fan jo ferhaal.
Myn ferhaal? Dêr wol ik my net op foarstean, ik bin inkeld de skriuwer. In besteand ferhaal, bygelyks dat fan de profeet Elia, hâldt troch de tiid hinne de gong deryn. Dat jildt ek foar Jezus, dy’t goed thús wie yn de ferhalen fan de profeten. Mar Jezus bleau net thús, Hy gong derop út om foar it folk de gong deryn te hâlden.

De gong deryn hâlde klinkt ús bekend yn de earen, want alles moat yn de tsjintwurdige krisis yn beweging komme.
It komt op my oer dat jim beweging justjes oars is as hoe’t ik it beskreaun ha. Ik moat no efkes in oare taal brûke: ‘Alles raakt in Jezus over de weduwe bewogen.’ Dat komt fan binnenút. Jezus oer de widdo… God oer Elia. As de Geast oer ien komt, dan ûntstiet oan de bûtenkant ek beweging.

Giet it dan fan dea ta libben?
Ja, dat wol it ferhaal sizze.

Tankewol… kinne wy no amen sizze?
Noch net, want wy binne noch net by de krisis.

Twa staasjes komme elkoar yn de mjitte. In staasje út ‘e stêd wei en ien nei de stêd ta. It is ien en al beweging. En dy stêd hjit Naïn, de leaflike. No dat leaflike is fier te sykjen. Want de staasje út ‘e stêd is in lykstaasje, in lewayah yn it Hebrieusk. Dêr komt nei alle gedachten ús wurd ‘lawaai’ fan. Yn sa’n lykstaasje waard lûd jammere, echt of net echt. By de measten sil it yn dit ferhaal net hielendal út it hert west ha, want it meilijen mei de widdo-mem is mongen mei eigen skuld, dikke bult. Yn de eagen fan it folk is de skuld fan de widdo foar God oer sa grut dat it lot har dûbel troffen hat, earst de dea fan har man en no dy fan har iennichste jonge.
En dan komt fan de oare kant noch in staasje, earst drok pratend, mar de lûden wurde al gau oerstimd troch de lewayah. By de poarte fan de Leaflike, de poarte as mienskipssintrum fan de stêd, dêr’t oars de stimmen opklinke, falt de stilte. Want Jezus, de liedsman fan de staasje fan it libben, arrestearret de staasje fan de dea, om’t er ‘bewogen wordt over de weduwe’. Yn de Fryske Bibel stiet: ‘Hy krige tige mei har te dwaan.’
Krekt, de beweging moat net binnenyn bliuwe, der moat wat dien wurde… Hy krige mei har te dwaan.
Jezus sette de stap nei de lykbier en rekke dy oan. Yn de eagen fan de no deastille lewayah mis fansels, want soks is ûnrein. Mar wa’t de deastille yn beweging bringe wol, moat syn hân wol útstekke: ‘Jonge, Ik sis dy, kom oerein!’
Der komt beweging en omdat it libbenswurd sein is, seit de jonge ek wat. Miskien wol: ‘Wat in folk, mar wat binne jim stil.’
Dan brekke de stimmen los: ‘Priizge is God, want in grut profeet is ûnder ús ferskynd!’

Image
Honoré Daumier   De rêding

Prachtich, mar wy binne noch net by ús eigen krisis.
Wy libje nammentlik yn in tiid fan krisis. Dat hoecht net foar elkenien persoanlik sa te wêzen. Mar wa’t troffen wurdt troch sykte, iensumens, de dea fan in leave neiste… fan in bern… libbet wol yn in krisis. It is dan hiel minsklik om yn it djipst fan it fertriet in ferflokking út te sprekken of sels de deawinsk. Mar lokkich is hy of sy dy’t dan ‘God oer My’ (G…OE… M) sizze kin, lykas Elia. Net dat dêrmei de leave neiste wer libben wurdt, mar wol dat de Geast mei in haadletter oer de eigen lytse geast komt om sels wer op te stean ta it libben. Der binne hjir fan ‘e moarn grif bruorren en susters dy’t dat ûnderfûn ha. Lokkich binne sy!

Wy libje yn in krisistiid, lanlik, Europeesk en sawat wrâldwiid. It is in materiële krisis, want it giet hieltyd oer de ekonomy. Wy moatte mear útjaan, sa wol de premier ha, in nije auto keapje, want dan komt de ekonomy oer it deade punt hinne en libbet wer op. Lokkich dat der dan in paus is dy’t útsprekt dat de tsjintwurdige tiid troch de matearje behearske wurdt en dat de minske degradearre driget te wurden ta in produkt. Wêr bliuwe de oare tsjerken?
Wa’t inkeld de ekonomy yn syn libben as gids/liedsman hat, libbet yn in geastlike krisis, al hat er dat sels net troch. Syn geast is ferslave oan matearje, sadat der gjin romte is foar de Geast mei in haadletter. It soe foar ús lân, foar Europa en de wrâld heilsum wêze dat der lieders opstiene dy’t de Geast wer as gids folgen, lykas Elia en Jezus. Soene der dan ek wer sokke wûnders barre? Fan dea ta libben? Wa wit…
Amen

14. Oargelspul

15. Iepen romte

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Sjonge
Liet 330: 1, 2 en 3

18. Seine

Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum