Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan Geus en Jezus

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 1 april 2007 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
yn dizze tsjinst fan Palmpeaske,
dy’t net allinnich giet oer de ezel
dêr’t Jezus op ried,
mar ek oer leafde en ferlerne leafde.

Us help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk dat
Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1 en 7

3. Foar de bern

Ik (hert) fan …
Wat is leafde?
It mearke fan it fluitspyljende ezeltsje.

4. Sjonge
Psalm 118: 9

5. Lêze
1 Korintiërs 13, 1-3

6. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2 en 3
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

Image

7. Gebed

Hear, dy’t út leafde foar it libben
de wrâld yn oansjen roppen hat:
it grien fan beammen en planten,
de bûnte kleuren fan de blommen,
de dieren yn har eigen stal en wêzen
en as lêste de minske dy’t skepen is
foar de leafde.
Wy tankje Jo foar dy grutte skat,
kostberder as wat ek op ierde.
Tagelyk witte wy dat de leafde
ek ferlern gean kin, as it libben
oars rint as ús ferwachting wie.
Hear, wy bidde Jo, mei ús leafde
sterker wêze as pine, sykte, fertriet,
sterker as alle leed dat ús treffe kin.
Mei de leafde it winne fan de haat
en it geweld dat dêrút fuortkomt.
Mei de leafde útgroeie boppe
it stribjen nei jild en matearje.
Mei de leafde oer de grins
fan ús libben hinne ús selskip wêze,
want dan is de dea oerwûn.
Amen

8. Lêze
1 Korintiërs 13, 4-8

9. Sjonge
Liet fan de leafde: 4, 5, en 6

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

10. Lêze
Jehannes 12, 1-19

Image

11. Sjonge
Liet fan Betanië: 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8 en 9
Wize: Liet 294 út it Lieteboek foar de tsjerken

Betanië, it plak
fan libben út ‘e dea,
foar elk in ûnderdak,
in feestmiel nei de bea.

Dêr’t Jezus fûn de rêst,
in dei midsmank de nacht,
in amerij hâldfêst,
sjaloom, dan mannemacht.

Dêr’t Lazarus ferstie
de rop dy’t libben jout,
syn namme sprekt yndie:
‘God rêdt’ klinkt sa fertroud.

Dêr’t Marta tsjinjend gie
mei iten nei de gast,
diaken dy’t sy wie,
safolle yn de kost.

Marije folge ’t hert,
mei ynmoed geat sy út,
sy joech om jild noch wet,
mar wol har leafdestút.

Betanië, it plak
fan Judas syn beslút,
al wie it noch mar swak,
’t waard de ferriederstút.

Dêr’t minsken streamden ta
om wat foar eagen wie
te sjen, net oars, mar sa:
hoe’t Lazarus dêr stie.

Dêr’t Farizeeërs’ haat
fertsjustere it gea,
in foarútrinnend skaad
op lijenswei nei dea.

Betanië, ’t is wier,
sjaloom, Jeruzalem,
de ezel fredesdier,
hosanna klinkt foar Him.

Image

12. Ferkundiging

‘Op 1 april verloor Alva zijn bril’.
Wa ken dit rymke net? En it ferhaal dat derachter sit? Wy skriuwe 1 april 1572, fjouwer jier nei it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch.
Dêr sylt de Geuzefloat de Maas op ûnder befel fan admiraal Lumey. Jonker Treslong, dy’t ek oan board is, stelt foar om Den Briel foar de prins te feroverjen, mar Lumey is mei dat útstel net sa wiis. Der moat in sterk Spaansk garnizoen yn de stêd wêze, dat folle kâns meitsje se net. Mar sjoch, dêr roeit fearman Koppelstok, dy wit mear fan de situaasje. In Spaansk garnizoen? Nee, dat is nei Utert setten, want dêr is reboelje. Lumey hoecht net lang nei te tinken: Koppelstok moat nei Den Briel om oan te kundigjen dat de Geuzen de stêd opeaskje foar de prins. It duorret Lumey fierstente lang dat der berjocht út ‘e stêd komt. Mei in swiere mêst sette de Geuzen nei Den Briel ta en ramaaie dêr de Noarderpoarte mei iepen. De boargers fan Den Briel flechtsje troch de Suderpoarte. De stêd is foar de Geuzen en de prinseflagge komt op ‘e toer. No is it wachtsjen op ‘e Spanjaarden, dy’t op befel fan Alva manmachtich opsetten komme. De Geuzen dogge in útfal, mar stedstimmerman Meeuwis, dy’t op ‘e wâl stiet, sjocht dat it net goed komt. Hy pakt in bile, draaft nei it slúske en hakt in gat yn ien fan de slûsdoarren. It wetter fan de Maas streamt yn de polder en de Spanjaarden flechtsje.
Den Briel is foar de prins en Alva hat op dy earste april syn bril ferlern.

Image

Dit is it Geuzeferhaal, dêr’t wy as bern yn de skiednisles mei iepen mûle en sân pear earen nei sieten te harkjen. Mei in skipsmêst de poarte iepenramaaie, mei in bile in gat yn de slûsdoar hakke. En dat allegearre troch de ferlerne leafde foar de Spaanske kening Filips II en út leafde foar Willem van Oranje. En lit ús earlik wêze: hoe moast it oars… oars hiene wy no  Spanjaarden west.

Leafde en ferlerne leafde
It giet dus fan ‘e moarn oer leafde en ferlerne leafde. Wa ken de leafde net? Leafde foar dyn âlders, dyn bern en bernsbern. Mar boppe-al dyn grutte leafde, it famke of de jonge dêrst smoarfereale op waardst. Do sweefdest mei sprate wjukken op ‘e termyk fan de leafde boppe de wrâld, dy’t op in altyd grien paradys like. Miskien is út dy ferealens dyn grutte leafde wol berne: de man of de frou dêrst mei troch it libben wjukkest. Nee, de termyk wie der net altyd, do rekkest miskien ek wolris yn in frije fal. Mar alle kearen fieldest de wjukken fan dyn partner wer, dy’t dy opheinden. Tusken heakjes: hjoed de dei is foar in protte minsken de frije fal definityf: de skieding.
En de ferlerne leafde? As earst de suertsjeleafde en letter de ferkearing útrekke, dan like it as wie alles ferlern, it ferlerne paradys. Do wiest sa’t de Dútsers sizze ‘zum Tode betrübt’.
Mar ferlerne leafde kin ek troch skieding. En troch de dea fan dyn man of frou? Miskien kinst dan better sizze dat de dea dy skieden hat fan dyn grutte leafde, mar dat de leafde sels nea ferlern giet.
Fan leafde dy’t net ferlern giet, soest sizze kinne dat it sjen mei it hert is, oer de dea hinne. Ferlerne leafde is itselde as dyn bril ferlieze, it net mear sitten sjen.

De spilers yn it leafdesdrama
Lit ús no nei it leafdesdrama sjen dat him ôfspile hat yn Betanië en Jeruzalem. It klinkt wat ûnearbiedich, omdat wy by in drama tinke oan in toanielstik en dat wie it perfoarst net. Wy geane út fan de Grykske betsjutting fan drama: hanneling. En dat yn Betanië en Jeruzalem wat barde, ha wy yn Jehannes 12 lêze kinnen.
De persoanen dy’t by it leafdesdrama belutsen binne, hjitte Jezus, de Minskesoan; Lazarus waans namme betsjut ‘God is myn rêder’; Marta dy’t út leafde tsjinnet; Marije dy’t út leafde jout; Judas dy’t de leafde ferlern hat; it folk dat inkeld sjocht wat foar eagen is; de Farizeeërs dy’t behearske wurde troch haat.

Jezus, de Minskesoan en haadpersoan
Hoe is it, Jezus, om Minskesoan te wêzen?
Hoe soe Ik oars oan myn ropping beäntwurdzje kinne? As soan fan minsken troch it libben gean, harren freugde en fertriet oanfiele, om te jaan wêr’t se rjocht op hawwe: de leafde fan de Heit en de Soan.

Hoe is dy leafde dan te rimen mei de dea?
God de Heit is in God fan leafde, Hy wol it libben en net de dea. Dêrom mocht Ik Lazarus út ‘e dea weromroppe as teken fan leafde en libben.

En wy dan, minsken dy’t nei de dea ta libje?
Ik neamde de opstanning fan Lazarus in teken fan leafde. Tochtst dan dat foar jim de leafde net sterker is as de dea? Jou jim libben en jim dea mar yn fertrouwen oer oan de Heit en de Minskesoan.

Mar Jo witte wat Josels yn Jeruzalem te wachtsjen stiet. Hoe is jo leafde dan te rimen mei jo eigen dea?
Soe Ik foar de minsken in foarbyld wêze kinne, as Ik net solidêr wie oant yn de dea?

Hawwe jo freonen of it folk dat begrepen, dêr yn Betanië en Jeruzalem?
Allinnich Marije, want se geat al har leafde oer My hinne en fielde oan dat Ik troch de dea hinne moast nei it libben. Sy hie dat ommers sels sjoen by har broer Lazarus.

Image

 Lazarus, God is myn rêder
Miskien dat wy dy fraach net stelle meie, Lazarus, mar hoe is it om dea te wêzen?
Hoe kin in deade witte hoe’t de dea is, as er net mear tinke kin?

En doe’t Jezus dy út ‘e dea weirôp ta it libben, hoe wie dat?
Hoe is it om nei in slimme sykte wer better te wurden?

Bedoelst dat it fielt as krigest nije libbenskrêft?
Ja, de krêft fan de leafde, dy’t sterker is as de dea.

Marta dy’t út leafde tsjinnet
Do hiest it mar drok, Marta, mei dat feestmiel foar Jezus.
Dieden geane boppe wurden út. Of is dat foar jim mennisten gjin libbensmotto mear?

Marta freget ús wat.

Mar asto hieltyd fan de keuken nei de keamer moatst, mist in protte fan it petear, liket my ta.
Begrypst dan noch net wat ik niis sei? Boppedat is betsjinjen myn manier om blike te litten dat Jezus my net ûnferskillich is.

En dyn suster Marije?
Freegje dat harsels mar.

Marije dy’t út leafde jout
Marije, moatst dat no, dy djoere nardusoalje?
Ik die it sûnder derby nei te tinken, it kaam samar by my op.

It kaam rjocht út dyn hert wei, bedoelst?
It is net neat, as dyn bloedeigen broer troch Jezus wer libben wurdt. Foar my is dat alles en dan joust dy folslein, mei hûd en hier. Dat sis ik no sa, mar op datselde stuit brûkst spontaan dyn hier as handoek. It sil wol te meitsjen ha mei rjocht út it hert wei. Ut leafde foar Him.

Witst hoe’t it yn Jeruzalem ôfrint mei Jezus?

Seit dyn swijen alles?

Okee, Marije.

Judas dy’t de leafde ferlern hat
Judas, moast dat no, dyn reaksje op Marije?
Ha ik ûngelyk? Yn ien kear it hiele fleske djoere oalje útjitte, it hie ek mei de helte wol ta kinnen. Witst hoefolle earme minsken oft der yn ús lân binne? De kapitalisten slaan foar master op en barre hege bonussen en de minima moatte it belije. No, dan hiene wy dat jild fan dy oalje better oan de earmen jaan kinnen of net? Boppedat…

Wy?
Ja, joech Marije dat djoere geskink net oan Jezus? En omdat wy alles mienskiplik ha, hie it jild by my as skathâlder yn de ponge moatten… ik bedoel om it dan wer troch te jaan oan de earmen.

Dyn kollega Jehannes is oars net sa oer dy te sprekken.
O nee?

Do soest geregeld wat út ‘e kas nimme.
No ha wy de hichte! Leit er my sa leech del? De flaaiker, dy’t oars net dien hat as Jezus op ‘e lije side komme!

Bist teloarsteld, Judas?
Dat kinst wol sizze, ja, as ien fan dyn maten dy foar fraudeur útmakket.

Ik bedoel yn Jezus.

Wêrom seist neat?
Trije jier lang bist mei Him oplutsen, hast freugde en fertriet dield, yn de ferwachting dat troch in revolúsje in nije maatskippij ûntstean sil en dan sa!

Hoe sa?
Jild fergrieme, syn eigen libben fergrieme en dat fan my der noch by. Mar Hy sleept my net mei nei de ûndergong!

Wat bist dan fan doel?
Ik knoopje my noch leaver op.

Image

It folk en de Farizeeën
Dêr rûn Judas, hy sloech de wei yn nei Jeruzalem en kaam smiten minsken tsjin.

Wêr geane jim hinne?
Nei Betanië, der wurdt sein dat Jezus fan Nazaret in deade wer libben makke hat.

Oan de kant fan de wei stie in ploechje Farizeeën, dy’t it skodholjend oanseagen.

Geane jim dy kant net út, hearen?
Folksferlakkerij, dêr is it mei sein. Mar leau mar dat it lêste wurd noch komme moat.

En wa hat it lêste wurd?

In diplomatyk swijen?

Jezus, de Minskesoan op in ezel
De oare deis ried de Minskesoan op in ezel nei de poarte fan Jeruzalem. Der hoegde gjin skipsmêst oan te pas te kommen, want de grutte doarren stiene al iepen. De boargers fan Jeruzalem flechten net, lykas it folk fan Den Briel, mar stiene oan de kant fan de wei, jûchheiden en swaaiden mei palmtûken.

Noch ien fraach, Jezus, dit moat Jo dochs wol goed dwaan.
Goed is dat der in ezel troch de poarte rydt en gjin hynder, dat de Soan fan David net oan it haad fan in leger Jeruzalem binnenkomt, mar as Minskesoan fan de frede. Mar dy’t hosanna roppe, witte net wat wiere frede is.

Rolferdieling
Dit wie de ein fan it leafdesdrama, de tsjinjende leafde fan Marta en Marije en de ferlerne leafde fan Judas. Nei de hanneling yn Betanië komt de rolferdieling yn de Menniste Gemeente fan Drylts. Watfoar rol spilesto yn it libben?
Minskesoan of -dochter
De man of frou fan ‘God rêdt’
Marta dy’t út leafde tsjinnet
Marije dy’t út leafde jout
Judas dy’t de leafde ferlern hat
Ien út it folk
Ien fan de Farizeeën
Watfoar rol it ek is, wês derfan fersekere datst dyn libben en dyn dea oan God de Heit en de Minskesoan tafertrouwe meist. Want harren leafde is sterker as de dea.
Amen

13. Oargelspul

14. Lêze
1 Korintiërs 13: 9-13

15. Sjonge
Liet fan de leafde: 7, 8, 9, 10

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.

Image

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17.  Sjonge
Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God: 1, 2 en 3

Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ’t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op Jins heil!
Te roere stiet Jins eigen Soan,
Hy stjoert nei feil’ge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

De triennen dy’t ik skrieme moast,
binn’ droege fan Gods wyn;
ik wit net mear hoe ‘k stúmje doarst
oer muoiten lang ferlyn.
No haw ik nije libbensmoed
en fêst is myn beslút:
ik fiel Gods winen waaien hjoed
en syl de haven út.

O, lit my nea ferjitte, Hear,
hoe’t my Jins leafde laat;
lit foar my stean hoe dearlik sear
Jins holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
by ’t oangean fan de reis,
no’t ik Gods winen waaien fiel:
lied Jo my ûnderweis!

18. Seine

Wy sile no wer nei ús eigen haven
mei de wyn fan de Geast yn de seilen.

Mei ús farre de leafde fan God de Heit,
de sjaloom fan de Minskesoan
en de ynspiraasje fan de Geast.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum