Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de wrâldoekumene

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 9 jannewaris 2010 yn Hegebeintum

Image

1. Tarissing

Wy binne op ‘e hichte fan Hegebeintum kommen
op ‘e earste snein nei Epifany,
de earste ferskining fan de Hear,
om op ‘e hichte te reitsjen fan
syn twadde ferskining by de Jordaan.

Wy sille tagelyk yn syn geast
de wrâldoekumene fiere.

Us help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skieden hat,
Heit wêze wol fan de hiele wrâld,
dy’t stiet foar it wurk fan syn hannen,
dat niet skiedt, mar ferbynt.
Amen

2. Sjonge
Psalm 98: 1 en 2

3. Gebed

Hear, Jo komt de tank ta foar jo trou oan it folk Israel,
it folk dat befrijd is út ‘e slavernij fan Egypte,
de ballingskip fan Babyloanië,
it folk dêr’t mar in lyts tal fan ûntkommen is oan de Nazi’s.
Wy tankje Jo dat yn ús tiid dat folk wer wenje mei
yn it lân Israel.

Image

Jo komt ek de tank ta dat alle folken op ‘e wrâld
diele meie yn it heil fan de belofte.
Jo binne net oan grinzen bûn,
net oan de grinzen fan Israel
en ek net oan dy fan Amearika
of Nederlân.

Hear, wy tankje Jo ek foar ús libben,
dat wy ek net bûn binne oan de grinzen
fan ús lytse wrâld, mar fierder sjen meie
as inkeld tsjin de Waaddyk oan.

Dan kinne wy sjen dat foar in protte minsken de dagen
tsjuster binne:
Sy sitte yn noed oer de takomst,
oft der moarn wol genôch te iten is,
oft de goalera oan harren tinte foarbygiet,
oft de fulkaan tenei swije sil,
oft de loop fan de kanonnen kâld bliuwt,
oft sy grûn ûnder de fuotten hâlde,
oft de grutte weach it strân net berikke sil.

Hear, ûntfermje Jo oer harren.

Mar ek om ús hinne sitte minsken yn noed
oer de lege dagen fanwege wurkleazens,
oer de folle dagen dy’t te swier weage,
oer de stille dagen troch iensumens,
oer it eigen lichem dat net mear mei wol,
oer de eigen geast dy’t fertsjustere rekket,
oer âlders dy’t nei de ein fan it libben rinne,
oer bern dy’t oan it begjin fan it libben
it paad bjuster reitsje.

Hear, ûntfermje Jo oer harren.

Jou ús in iepen ear foar de wurden fan oekumene,
dy’t fan ‘e moarn klinke sille.
Want yn de geast fan it solidêr wêzen sil hiel de ierde
Jo tank en eare bringe.
Amen

4. Sjonge
Psalm 98: 3 en 4

5. Ynlieding

Hoe solidêr binne wy tsjintwurdich?
It koe minder, want hjoed sitte wy hjir wer, solidêr mei it Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum. Wy steane ús foar op ‘e oekumene, want wy binne kristenen mei elkoar.
En om ien kear yn de moanne yn dizze prachtige, ieuwenâlde tsjerke te sitten,
heech op ‘e terp, jout in goed gefoel, lit ús earlik wêze… tradysjonele en hege oekumene tagelyk.

Mar hoe sit it mei dy oare oekumene, yn de oarpronklike betsjutting fan it wurd: net allinnich de ferskillende tsjerken omfetsjend, mar de hiele minskewrâld. Blinder, no leit de wrâld der dochs justjes oars hinne.
Wy kinne fan de terp fan Hegebeintum ôf fier sjen, sels oer de seedyk hinne, mar de hiele wrâld?

Image

Polityk sjoen wie it ôfrûne jier yn Nederlân in delslach foar de oekumene. Der wiene twa partijen dy’t it op in akkoartsje goaiden mei in partij dy’t Nederlân fan de wrâld ôfskermje wol. It skrinende is dat ien fan dy partijen noch altyd de C fan ‘christelijk’ yn de namme hat. In beliedspunt fan dy trije partijen is de besuniging op ûntwikkelingshelp. Mei oare wurden: ynleverje op ‘e solidariteit mei de alderearmsten yn de wrâld.

Hoe solidêr wiene de tsjerken yn desimber 2010?
Der waard in Nasjonale Synoade holden, in soarte fan herhelling fan de Nasjonale Synoade yn 1618/1619. Prachtich dat fyftjin tsjerken fertsjintwurdige wiene, in wiere tsjerklike oekumene.
Mar hawwe jim dy tsjerklike oekumene heard oer de wrâldoekumene? Nee, dêr wiene se fansels net foar byinoar kommen. Mar hie it net profetysk west om de C fan ‘christelijk’ yn de maatskippij wer kleur te jaan? Of om út te roppen dat de help oan de alderearmsten yn de namme fan Kristus útwreide wurde moat?
God, de Heit, wie yn Jezus, de Soan, solidêr mei it minskdom en Jezus wie solidêr oant de dea ta.

Op dizze twadde snein fan 2011 jier kundigje ik trije ferhalen oan:
– It ferhaal fan de twadde Jesaja
– It ferhaal fan Jehannes en Jezus
– It ferhaal fan de Oekumenyske Wurkferbannen

6. Sjonge
Liet 21: 5 en 6

7. Lêze
Jesaja 42, 1-9

8. Sjonge
Liet fan Jesaja: 1 en 2
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken

Jesaja hat de tiden skôge,
wie troch de jierren Gods profeet,
hy seach de stêd yn ljochte lôge,
hie fan it leed, de triennen weet;
doe’t Babelsk tiid rûn nei de ein,
hat hy it folk it ljocht tasein.

De tsjinstfeint sil fanwegenkomme,
God hat him útkard foar de wrâld,
hy komt net mei de slaande tromme
en raast net oer in skrikbewâld;
de Geast jout him in eigen lûd,
dat hy de heidenfolken stjoert.

9. Ferkundiging 1
It ferhaal fan de twadde Jesaja

Wat in profeet, dy twadde Jesaja! De twadde, want de earste Jesaja, skriuwer fan de earste 39 haadstikken, libbe sa’n oardelieu earder.
En dêr sit dan de twadde auteur te skriuwen yn de dakkeamer fan syn hûs, dat op in heuvel stiet. Oan de eastkant sjocht er út op Jeruzalem, dat der noch altyd ferinnewearre by leit nei de ferovering troch kening Nebukadnezar. In grut part fan it folk is fuortfierd nei Babyloanië en hat nei in heale ieu ballingskip langstme om werom te gean nei Jeruzalem.

Image
Frans Francken de Jongere   Nebukadnezar en syn riejouwers

It hie foar Gods folk yn sa’n situaasje net noflik west om oer de grins te sjen, want wat se seagen wie net de meiminske yn in ûnderûntwikkeld lân, dy’t help nedich hie. Mar de fijân, dy’t libbe yn rykdom en de judeeske ballingen beskôge as minderweardige allochtoanen. Wês dan mar ris solidêr mei de Babyloaniërs!
Jesaja leit it skriuwark del, giet oerein en rint nei it finster oan de westkant. Yn de fierte sjocht er it opljochtsjen fan de see yn de gieloranje gloede fan de ûndergeande sinne. Sa wie de sinne foar it eigen folk ek ûndergien, yn de gaos weisakke. Jawis, de see as gaos, want wat koene wetter en weagen opspylje! Noach, tsjinstfeint fan de Ivige, hat witten fan de grutte floed, doe’t alles yn gaos ferkearde. Hy wie mei syn húshâlding rêden en mocht yn de arke as in hoeder foar de dieren wêze. De tsjinstfeint fan Jahweh as hoeder fan de oerbleaune bistewrâld.
De see, wol gaos, mar dochs… de Reade See. Mozes as tsjinstfeint fan de Ivige oan de igge fan de Reade See mei achter him it befrijde folk en fierderop it jeiende leger fan de farao. En sjoch hoe’t de gaos by it opstekken fan stêf en wyn feroare yn in paad dwers troch de see hinne.
De twadde Jesaja strykt oer it burd, wylst er him omdraait nei it easten. Dêrhinne is it folk fuortfierd yn ballingskip. Wie it paad foar Jahweh syn folk nei it westen ta ôfsletten en wie de seekust de grins foar harren?
De twadde Jesaja skodhollet. Syn profetearjende namgenoat, de earste, hat gjin fisioen hân oer in paad troch de see hinne nei de befrijing ta. Wie dêrfoar it kwea fan it folk te grut, lykas yn de dagen fan tsjinstfeint Noach?
Tsjinstfeint, Noach, Mozes, it is as sjocht er boppe de see it stal fan in tsjinstfeint oprizen. It kin de sinne net wêze, want dy is krekt ûnder de kym sakke. De seewyn begjint te rûzjen, heart er in stim?

Dit is myn tsjinstfeint, dêr’t Ik achter stean,
myn útkarde, dy’t My boppe alles giet.

Boppe de gaos fan de see…
Jesaja draait him mei in hoart om en rint nei syn skriuwtaffeltsje, dêr’t de wurden as weagen oer it perkamint streame:

Ik ha him myn Geast ynjûn,
Hy sil de heidenfolken sjen litte
wat gerjochtichheid is.

De twadde Jesaja hat sels de Geast krigen, want de wurden komme fan east en west op him ta.
Heidenfolken en gerjochtichheid, de tsjinstfeint giet oer grinzen hinne.

Hy lit sjen, is gjin ropper en gjin razer,
dy’t syn lûd troch de strjitten galmje lit.

Hy brekt net en dôvet net út…

… sa as de Egyptyske farao en kening Nebukadnezar fan Babyloanië.

De lannen oan de seekant sjogge út
nei wat er leart oer gerjochtichheid.

Jesaja giet wer oerein en rint nei it westlike finster. De loft strielet noch yn folle jûnspracht.
Sa is Jahweh, sa is syn tsjinstfeint, de ûneinigens fan de himel yn folle pracht. Jahweh en syn tsjinstfeint geane oer grinzen hinne, sels in paad troch de see wurdt lein om alle folken fan de wrâld te berikken. Solidêr oer de fierste grins hinne.
En de see sjongt:

Litte de folken de Heare eare dwaan
en syn lof ferkundigje yn de lannen oan de see

Image
Michelangelo

10. Sjonge
Liet fan Jesaja: 3 en 4

Jesaja seach de tsjinstfeint rinnen
by’t reidfjild lâns, kniesd troch de wyn,
de stâlen soene brekke kinne,
mar tsjinjen is as sinneskyn,
dy’t makket al it bûgde rjocht,
wat hiel de wrâld mei freugde sjocht.

Wa’t rjocht dwaan wol, wurdt troch God roppen
as minske tsjinjend yn de wrâld,
hat weet fan leed troch slaan en skoppen,
him lit it skrikbewâld net kâld;
hy docht wat it gewisse seit:
gean hinne foar gerjochtichheid.

11. Lêze
Mattéus 3, 13-17

12. Sjonge
Liet 46: 1, 2, 4 en 6

Image
Mozayk yn Ravenna

13. Ferkundiging 2
It ferhaal fan Jehannes en Jezus

Wat in profeet, dy Jehannes! Sjoch him dêr ris stean yn it berchlân fan Judea oan de igge fan de Jordaan. Hy hat in rûge mantel fan kamielehûd om him hinne.
In hiel oare situaasje as dy fan de twadde Jesaja. Dy siet yn de dakkeamer fan syn hûs profetearjend te skriuwen mei útsicht op Jeruzalem yn it easten en de see yn it westen.
Mar Jehannes stiet foar in mannichte folk en sjocht oer de hollen hinne nei de Jordaan.
“Kear jim om,” ropt er, “nee, net nei Jeruzalem, want dêr hearsket de gaos fan de see. Se hawwe it noch wol oer Noach en Mozes, mar binne fergetten dat it tsjinstfeinten wiene fan Jahweh. Kear jim om en gean it paad fan de tsjinstfeinten, want dan komme jim út by wêr’t jim wêze moatte, by de wei fan Jahweh, de rjochte wei fan gerjochtichheid en solidariteit.”
It folk hinget oan syn lippen, it hâldt de siken yn. Jehannes wiist nei de Jordaan en seit: “Sjogge jim de grinsrivier tusken it beloofde lân en de lannen fan de heidenfolken? Tsjinstfeint Mozes hat der útsicht op hân, mar berikte oan de oare kant de grins fan syn libben. Hy is wol oer de boaiem fan de Reade See gongen, mar troch de Jordaan mocht er net. Mar jim, kear jim om, rin mei my nei de bedelte, hâld de siken yn, gean troch de djipte fan de dea hinne om dêrnei wer op te rizen ta in nij libben… ik rop yn namme fan de Ivige op om jim dope te litten.”
Mannichien folget Jehannes nei de bedelte en wylst de iene nei de oare wer út it wetter opriist, komt fan de kant fan Galiléa in frjemdling by de heuvel del. It wetter dript Jehannes noch út syn kamielehûd, as er op ‘e wâl de man stiet op te wachtsjen. In reizger dy’t tafallich lânskomt of in lette dopeling?
It is as wurdt it him ynjûn, mar wa’t him omkeard hat en ta nij libben roppen is, wurdt it ynjûn: ‘It is Jezus!’
Fan Him hat Jehannes krekt noch tsjûge dat Hy dope sil mei de Geast. Hoe is it mooglik! Tafal of sweeft de Geast hjir no al boppe de Jordaan?
Streekrjocht komt de kunde út Nazaret op him ta, wiist nei de grinsrivier en freget om nei de bedelte te gean. De fraach komt op Jehannes frjemd oer, as wjukket de Geast wer fuort, oer de grinsrivier de kant út fan de Deade See. Stiet dêr de man dy’t dope soe mei de Geast?
“Nee,” seit er mei de Geast ferlegen, “ik soe troch Jo doopt wurde moatte.”
“Lit My mar gewurde,” seit de man út Nazaret, “sa dogge wy op ‘en bêsten wat God wol.”
Gewurde, syn gong gean sa’t God it wol. Wat hat hy, Jehannes, krekt ferkundige? Wat God wol, omkeare en de gong troch de djipte gean sa as de tsjinstfeinten Noach, Mozes en noch safolle mear troch de djipte gongen binne.
Dan docht Jehannes wat Jezus wol, Dy’t docht wat God wol, solidêr wêze mei syn folk, mei alle folken, de oekumene.
En as Jezus wer opriist út it wetter fan de grinsrivier, skuort de himel iepen en de Geast strykt as in do op Him del. Net út de Deade of Reade See wei, want dêr hearsket it tsjuster fan de gaos, mar út ‘e hichte dêr’t it ljocht weikomt.
Ut dy hichte klinkt in stim: “Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin.”
De solidariteit fan de Heit strielet ôf op de Soan, dy’t de opdracht kriget om solidêr te wêzen oant de uterste grins ta, dêr’t gjin libben mear is.

Image
Andrea Verrocchio – detail

14. Sjonge

Liet fan wa en wêr: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 133 út it Lieteboek foar de tsjerken

Wa bisto minske?  is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
It krekte antwurd jou ik graach,
mar ’t slagget amper, bin ik bang.

Wa bisto, minske yn it leed
dat taslacht by berch Sion wei.
God rôp my as syn heilsprofeet,
ik rop hjoed út in nije dei.

Wa bisto, man by de Jordaan
dy’t opslacht út ‘e delte wei.
Ik kin ienfâldich ’t antwurd jaan,
wa’t mei de Geast doopt, komt hjirnei.

Wêr giesto hinne, heilsprofeet,
sa troch de sân- en rotswoestyn.
Mei ’t folk rin ik út ballings need
berch Sion op, de frijheid yn.

Wêr giesto hinne, man fan Wurd
en wetter yn de iensumheid.
Ik gean de stream yn, spiel sa fuort
it kwea dat op ‘e siele leit.

Wêr giesto hinne? is de fraach
dy’t klinkt it hiele libben lang.
Yn optocht mei it hoopjend laach
nei ’t antwurd mei muzyk en sang.

15. It ferhaal fan de Oekumenyske Wurkferbannen

Oekumenysk… Wurk… Ferbân
Lit ús mei it lêste wurd begjinne… Ferbân… ferbine.
Sa’t jim hjir alle sneinen sitte, binne jim mei de Heit, de Soan en de Geast ferbûn.
Jesaja fertelt: ‘Ik, Jahweh, ha myn tsjinstfeint myn Geast ynjûn.’
Mattéüs fertelt: ‘Jezus seach Gods Geast op Him delstriken.’
Beide fertelle fan de Heit, de Tsjinstfeint of Soan en de Geast, dy’t op ‘en djipst (de Jordaan) en op ‘en heechst (de do) mei elkoar ferbûn binne.
Wy binne net allinnich mei de Heit, de Soan en de Geast ferbûn, mar ek mei elkoar, sa’t wy hjir sitte. Hoe soene de trouwe tsjerkegongers fan Hegebeintum dan net solidêr mei elkoar wêze!

Wy litte it twadde wurd fan Wurkferbân op ús ynwurkje… Wurk… wurkje.
Trouwe tsjinstfeinten fan Hegebeintum, sa’t jim hjir op ‘e terp dwaande binne mei it Wurd, wurkje jim mei oan Gods Keninkryk. Dat kin net oars as neifolgers fan de Soan, dy’t sels Gods Keninkryk net allinnich ferkundige, mar ek foarlibbe, troch de dea hinne. Wat in djip- en heechgeand wurk!

Wy binne oankommen by it earste wurd: Oekumenysk.
Wat in seine dat jim hjir as minsken út ferskillende tsjerken by elkoar komme. Gjin diskusje mear oer de slang yn it paradys, oft dy sprutsen hat of net, oer útferkiezing of ferwurpen wêze, oer bernedoop of doop as folwoeksene. Mar mei elkoar ferbûn in oekumenyske tsjinst belibje.

Lykwols de oekumene giet fierder sa’t wy al witte, oer grinzen hinne, oer de grinsrivier, oer it Waad, oer de seegrins, oan de úteinen fan de wrâld ta. Solidêr wêze mei folk dat bûten ús eachweid libbet. Net leauwe yn Wilderiaanske ferhalen, mar yn it evangeelje fan Jezus Kristus: ‘Wa’t dit oan ien fan de minste bruorren dien hat, hat it oan My dien.’

Hoewol’t Lidl gjin tsjerke of Oekumenysk Wurkferbân is, begjint de solidariteit yn dizze supermerk ek al te daagjen, hoewol’t der grif kommersjele belangen meispylje sille. Lidl stipet nammentlik it weeshûs ‘New Jerusalem’ yn Afrika, dêr’t bern wenje dy’t troch de famylje ferstjitten binne fanwege de aids-problematyk.

Image

Is it net in idee foar alle sân Oekumenyske Wurkferbannen om yn in folgjende gearkomste de wrâldoekumene op ‘e wurklist te setten? Jawis, oekumene wurket yn wrâldferbân. Hegebeintum en de wrâld.
Amen

16. Oargelspul

17. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

18. Kollekte
Wylde guozzen

Image
Byld yn Ferwert

19. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

20. Seine

Wy geane by de hichte del
nei de lichte fan de wrâld
mei de oekumenyske opdracht
om solidêr te wêzen mei dy wrâld.

Wy kinne dêrby tidigje
op ‘e seine fan de Heit,
de Leafde fan de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum