Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de stien

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 21 febrewaris 2010 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy binne op ‘e earste snein fan de fjirtichdagen tiid
by elkoar kommen om ús te besinnen
op de earste stappen fan Jezus
op ‘en paad nei Jeruzalem,
yn de Jordaan en de woestyn.

Om ús foar de wei fan Jezus, de Soan, iepen te stellen
roppe wy God de Heit oan,
dy’t himel en ierde skieden hat,
dy’t trou is oan wat er begûn is
en troch syn Geast trochgiet
oant de ein ta.
Amen

2. Sjonge
Psalm 118: 1 en 8

3. Ynlieding

In hoekstien fan de timpel yn Jeruzalem.
In stien dy’t dragend is, sadat de muorre oerein bliuwt.
Is dat gjin moai byld fan minsken dy’t yn it libben dragend binne?
In prachtich byld ek fan de Messias, de Soan fan David, dy’t de Joaden ferwachten.
Foar kristenen it byld fan Jezus, dy’t trije jier dragend troch it libben rûn om sjen te litten
wat it messiaanske keningskip betsjut.

Behalve in hoekstien binne der noch folle mear stiennen:
In stien om op te stappen om mei Jehannes de Doper de Jordaan yn te gean.
In stien om op te stappen om de berch te beklimmen, in opstapstien.
Twa grutte stiennen dêr’t de Tsien Wurden yn beitele steane.
In stien om yn bôle te feroarjen.
In stien om de foet oan te stjitten.
Al dy stiennen komme foar op Jezus syn paad nei Jeruzalem.
Wy sille se yn dizze tsjinst belibje,
net om ús oan te stjitten, mar om op te stappen
op wei nei ús eigen bestimming.

4. Sjonge
Psalm 118: 10

5. Gebed

God, ús Heit, wy hawwe Jo al jubeljend betanke yn de psalm.
Betanke foar it libben dat ús jûn is,
foar de mooglikheid om hjir mei elkoar te wêzen
om ús te besinnen op it libben fan Jo Soan
op ‘en paad nei Jeruzalem, de stêd fan lijen en libben.
Wy binne hjir ek om ús te besinnen op ús eigen libben,
om te peilen oft it noch wol op koers leit nei de bestimming,
soms troch de woestyn hinne op wei nei it lân fan belofte.

Troch de woestyn leit gjin fjouwerbaansdyk,
soms sels gjin spoaren om te folgjen.
Wol ús yn de woestyn fan sykte, iensumens,
oanfjochting en noed bystean,
dat wy der trochhinne komme,
sels der geastlik sterker fan wurde.
Want dan is de woestyn foar ús gjin stroffelstien,
mar in opstapstien om de berch op te gean.

Meie de Tsien Wurden, dy’t yn twa stiennen beitele stiene,
foar ús in gids wêze op ús paad troch it libben.
Amen

6. Lêze
Deuteronomium 5, 6-21
Image
Gustave Doré

7. Sjonge
Psalm 119: 1 en 2

8. Ferkundiging 1
1
Wat is der moaier as dat twa minsken elkoar de belofte fan trou jouwe en dan tegearre it libben trochgean? De berte fan eigen bern? Sis it mar, ik soe it net witte. Miskien binne beide like yndrukwekkend.
De measten dy’t hjir sitte, ha de troubelofte ienris ôflein, lang of koarter lyn. Der sille by guon fan jim bylden opkomme fan de man of frou dy’t se leaf hân ha en dy’t der no net mear is, troch de dea fuortnommen. Dy bylden hearre thús yn in platina list, want se binne kostberder as goud.
Wat is der moaier as de troubelofte? Miskien wol de trou oant de dea ta, want twa minsken dy’t it paad fan de trou, it troupaad, oan de ein ta rinne, heine in glimke op fan de himelske trou. Sy binne in twa-ienheid.

It folk Israel wie al sawat fjirtich jier op ‘en paad troch de woestyn nei it beloofde lân. Troch de woestyn, it oard fan de hichte- en djiptepunten fan de ferloving tusken God en syn folk. Ferloving jawis, want nei de slavernij yn Egypte, doe’t it libben stienswier wie, kaam it der yn de woestyn tusken God en syn folk ek op oan. Oan de iene kant de djiptepunten fan toarst, honger, dûns om it gouden keal, oplôgjende grime, opstân en de dea. Oan de oare kant de hichtepunten fan wetter, manna, wolk en fjoerkolom, de Tsien Wurden op ‘e stiennen dy’t Mozes fan God krige as troubelofte:

Ik bin de Heare God, jim partner. Ik sil jim trou bliuwe, as jim dat foar My oer ek binne. Hjir komme de trouwurden… Ik ha se yn stien beitele, net de klaaistien fan Egypte, mar de hurde stien fan de berch. Sa hurd is myn troubelofte oan jim, lit jim belofte ek sa hurd wêze.

En sjoch, de wolk dreau fierder as teken fan Gods lieding yn de ferlovingstiid op wei nei it houlik yn it lân fan belofte.
As it folk sawat by de Jordaan is, de grinsrivier, dan bliuwt de wolk hingjen.
‘Earst oant safier en net fierder,’ sei God, ‘hjir sille wy yn ûndertrou, harkje foar de twadde kear nei de troubelofte mei de titel Deuteronomium.’
Diskear net yn stien beitele, want ien kear trou fan Gods kant, altyd trou. Mar de oare kant? Dêr oan de grinsrivier nimt God it wisse foar it ûnwisse, want yn de woestyn hat er syn ferloofde kennen leard. Dêrom by de ûndertrou noch mar ris de troubelofte.

9. Sjonge
Psalm 119: 42

10. Lêze
Lukas 3, 21-22
Lukas 4, 1-3

11. Ferkundiging 2

Wat is der moaier yn it leauwe as de doop? De measten ha it wetter op ‘e foarholle field doe’t se bewust de kar foar de menniste gemeente makken: ‘Gean no troch it wetter fan de grinsrivier, teken fan it ferstjerren fan it âlde libben, nei de oare kant en jim wurde ferbûn mei it nije libben yn Gods geast.’
Wer in ferbûn, in ferbûn tusken God en de doopte minske. Net mear in trouferbûn nei ferloving en ûndertrou? By it trouferbûn gie it om it hiele joadske folk of yn ús tiid om de gemeente, de menniste gemeente fan Drylts.
By de doop  is der in oare ferhâlding: ‘Do bist myn soan’ of Do bist myn dochter’. In relaasje tusken Heit en syn bern… of Mem en har bern, want wêrom soe God net likegoed Mem wêze kinne?

Wy wiene mei it lêzen fan de Tsien Wurden oankommen by de Jordaan, de grinsrivier. Dat wie foar it folk Israel sawat de ein fan de reis. Se moasten der noch trochhinne en dan wiene se yn it beloofde lân.’

Image

Wy binne yn it Nije Testamint wer by dyselde grinsrivier, de Jordaan. Dêr is Jezus ek oankommen, net fan de kant fan de woestyn, mar fan de kant fan Galilea en Judea, ienris it lân fan de belofte, mar no it lân fan de benearing: de folkstelling fan de Romeinske keizer Augustus, de bernemoard troch kening Herodus en de 613 geboaden fan de Farizeeën.
Jezus wit it, der is amper noch sicht op it ferbûn fan trou tusken God en syn folk. Allinnich in gek yn in jas fan kamielehier doarmet yn de godferlitten oarde by de Jordaan om. Men wol wol ha dat er him de kiel heas skreaut mei it boadskip dat de minsken har omkeare moatte op ‘e wei. No, se soene net witte wêr’t se oars hinne moasten as nei Jeruzalem, dêr’t de timpel stiet. Dy Jehannes soe ek lju dope yn dy ûndjippe modderrivier fan in Jordaan. Sy wosken de hannen en fuotten leaver yn ûnskuld yn it eigen wasktobke.
Mar sjedêr, in man út Galilea rint mei Jehannes de rivier yn. Hy giet mei de holle ûnder wetter. Efkes is er hielendal fuort as wied er yn de ierde weiwurden. As er wer boppe komt, giet de himel iepen, in fûgel, in do en dan in stim: ‘Do bist myn Soan, myn ynleave Jonge, Ik bin wiis mei dy.’
God en Soan, in twa-ienheid.

Image
Gustave Doré

Men soe sizze, dit is klear, de Soan kin no de wrâld yn om it boadskip fan de Heit te bringen. Mar dan is bûten de do rekkene, want dy fûgel, de Hillige Geast, hat earst in oar boadskip: ‘De woestyn yn, krekt as dyn foarfaars, want dêr komt it derop oan. Do moatst nei dyn woestynreis it folk itselde boadskip fan ferloving en ûndertrou bringe as Mozes, want it folk moat op ‘e nij kieze foar it trouferbûn mei God.’
Wolno, Jezus hat it witten, want it kaam derop oan. De duvel of diabolos siet Him op ‘e lea en besocht him by it hert te nimmen. It doel fan de diabolos wie om mei Jezus in twa-ienheid te wurden. Want oeral wêr’t de diabolos opdûkt, hat er as doel in skieding oan te bringen tusken God en de soan of dochter. Yn de woestyn in skieding tusken God en de Soan, Jezus dy’t by de doop yn de Jordaan in twa-ienheid mei de Heit wurden wie. Gjin twa-ienheid dêr yn de woestyn, mar it gefaar fan in twa-skieding.

Harkje hoe slim oft de diabolos it spul spilet. By de Jordaan hat klonken: ‘Do bist myn Soan.’
En de skiedingbringer begjint nei de fjirtich dagen woestynreis fan Jezus, as syn lichem raast om iten: ‘Asto Gods Soan bist…’
Hy daget de Soan mei in kweade bedoeling út om it bewiis te leverjen, hoewol’t Jezus al wer by de grinsrivier oankommen is. Hy hoecht neat mear te bewizen, de reis is folbrocht, it bliid boadskip fan it trouferbûn kin brocht wurde.
‘Asto Gods bist, hjit dy stien dan dat er yn brea feroaret.’
De stien. Soe daliks net by de Soan opkommen wêze hoe’t de Heit de Tsien Wurden yn stien beitele hie? In stien mei it teken wêze fan de Wurden fan God, mar as er yn bôle feroaret, kin der gjin wurd mear op.
‘Der stiet yn de Skrift: net fan brea allinne sil de minske libje.’
Wylst de honger Jezus by de kiel hat, komt dit antwurd derút: net fan brea allinne, mar ek fan it yn stien beitele Wurd sil de minske libje.
Net fan jild allinne sil de minske libje. Net alles rjochtsje op’e ekonomy, dy’t yn ús maatskippij al hiel lang foar master opslacht, want dan feroaret de wrâld yn in diaboalysk lânskip fan toarre ierde en stjonkende rivieren. Dan binne der gjin grinsrivieren mear, dêr’t minsken en folken trochhinne geane nei it lân fan belofte.

Hasto wolris in tiid yn de woestyn west? Sawat elk minske boppe de fyftich dy’t weromsjocht op syn libben, kin wol in woenstyntiid yn it sin bringe. It wie meastal in ellindige tiid. Ellindich betsjut letterlik ‘út it lân’, dus fan dyn fertroud plakje ôf moatte om yn swiere omstannichheden libbenswiisheid op te dwaan. Eins soe ik no swije moatte om jim oan it wurd te litten.

12. Sjonge
Liet fan de stien: 1, 2, 3 en 4
Wize: Tuskentiden 5

Fan de rotsen brekke stiennen,
dy’t berikke de Jordaan,
streame fierder oant se binne
op it plak fan dopershân.

Stiennen tsjinje foar de stappen
yn it wetter as in baan
nei de doop om dan te rinnen
mei as doel ’t beloofde lân.

Mar dat lân wurdt earst fertsjinne
nei woestyn mei rots en sân,
dêr’t de skiedingbringer tjirret
om te skieden Heit en Soan.

Fan de rotsen brekke stiennen,
mar gjin bôle komt ta stân,
want Soan Jezus iepenbierret
dat it kwea is falsk fan toan.

13. Lêze
Lukas 4, 4-8

14. Ferkundiging 3

De skiedingbringer liet it net by ien kear. Yn de woestyn leine de stiennen op ‘e grûn, it wie net útdaagjend om dêr troch de knibbels te gean. Nee, se moasten tegearre de hichte yn, de berch op. Dêr, op it plak fan de Heit, soe de Soan it gefoel krije dat Er thús wie. Op dat thúsplak soene sy tagelyk in wrâldreis meitsje. Thús en op reis? Underskat de skiedingbringer net, want wat is hy machtich! Macht? Jawis, dêr giet it him om en hy wit duvelske goed dat it dêr alle machthawwers yn de wrâld om giet. En wêrom soe it him net slagje om fan de Soan in machthawwer te meitsjen? En wat foar ien! In machthawwer oer alle keninkriken fan de wrâld.

Image
Gustave Doré

Dêr leine al dy riken om de berch hinne, it wie as sweefden se dêr tegearre oerhinne. Want wa’t sweeft, fielt him yn de sânde himel. Dat gefoel moast de Soan ek krije, it gefoel fan tichtby de Heit te wêzen, wylst Hy yn werklikheid fier by de Heit wei wie, klear om fan Him skieden te wurden.
‘Ien kear troch de knibbels,’ sei de skiedingbringer, ‘en al dy prachtige keninkriken binne foar dy, want ik bin frijmachtich om se te jaan oan wa’t ik wol.’
De spanning hong yn de loft. De keninkriken mei alle machthawwers, dy’t wol foar de skiedingbringer troch de knibbels gien wiene, holden de siken yn. Soe de wrâld foar ivich ferlern wêze? As sels de Soan fan de Alderheechste knibbele, dan wie der gjin takomst mear.
Doe sei de Soan: ‘Der stiet yn stien beitele datst God oanbidde moatst en Him allinnich tsjinje.’

Image
Dees de Bruyne

Troch de knibbels gean foar macht of de rêch rjocht hâlde? In rjochte rêch om de machthawwers fan dizze wrâld, dy’t har siel oan de duvel ferkocht ha, te wjerstean? Der binne net safolle minsken dy’t dat oant de ein ta dogge. De measten fine dat de lytse man of frou dochs neat berikt as it om de oarloch yn Irak giet of om hege bonussen. Mar sei de Soan net datst gjin machthawwer oanbidde moast, mar allinne God? Wolno dan, lit ús bidde dat wy as lytse minsken de moed ha om kwea kwea te neamen. Wy ha yn alle gefallen noch in stim, in stim om te protestearjen en in stim yn it stimhokje.

15. Sjonge
Liet fan de stien: 5, 6, 7 en 8

Yn de rotsen stekke stiennen
as in opstap nei de top,
sadat minsken heger komme
om te moetsjen harren God.

Want de berch is ’t allerheechste,
dêr’t de Allerheechste is
om yn stien mei leafdespinne
’t Wurd te skriuwen wier en wis.

Mar it kwea kin ek wol klimme,
want syn macht is wier net mis,
baas oer alle keninkriken,
’t is syn oanbod, hy beslist.

Soan fan God hoecht mar te nimmen
as Er troch de knibbels giet,
mar Hy sil de Heit meistimme,
om’t Er op ‘e rotsstien stiet.

16. Lêze
Lukas 4, 9-13

17. Ferkundiging 4
 Trije kear is it rjocht fan de skiedingbringer. Dit wie syn lêste kâns. It moast in opgong wurde: fan de stien yn de woestyn fia de berch, it teken fan de oanwêzichheid fan de Heit, nei de hichte fan Jeruzalem, de Godsstêd, en wêr soest yn Jeruzalem better wêze kinne as op ‘e timpel, it allerhillichste plak fan de Allerheechste. As it dêr net slagge, dan slagge it nearne.
It like as soe dêr de twa-ienheid ta stân komme, de ienheid fan de Soan en de Heit. Mar dat wie inkeld skyn.
‘Asto Gods Soan bist, spring en de ingels sille dy opheine, en dyn foet silst oan gjin stien stjitte.’
Wer in stien, diskear de stjitstien en tagelyk stroffelstien, dêr moast de Soan oer stroffelje, dan hie de skiedingbringer syn doel berikt.
Hy wist krekt wat er sei, want in sprong giet altyd nei de bedelte en noait omheech, noait nei de Allerheechste om in twa-ienheid te wurden. Yn de bedelte is allinnich de skiedingbringer, net om de Soan op te heinen, mar om it feest fan de twa-skieding te fieren.
Doe sei de Soan: ‘Do meist God nearne op fergje.’
De skiedingbringer waard mei dit antwurd yn syn fergjend of twingend hert troffen. Want hy is it dy’t twingt. God net, de Soan net en alle minsken dy’t him neifolgje ek net.
Wat ús as kristenen te dwaan stiet, is him folgje, want dan kinne wy de wei troch de woestyn ôflizze sûnder op te jaan, de berch beklimme sûnder de machthawwers nei de eagen te sjen en yn it hûs fan God komme sûnder him te fergjen om te foldwaan oan ús troch de skiedingbringer ynflústere winsken. As wy dy wei folgje, dan meie wy ferwachtsje dat wy útkomme by de mear-ienheid fan God de Heit, Jezus de Soan en al it folk dat it libben yn leafde tsjinjend folbrocht hat. Amen

18. Oargelspul

19. Sjonge
Liet fan de stien: 9, 10, 11 en 12

Sions timpel is fan stiennen,
stiet as Sinai sa fêst,
beide blinke yn de sinne
fan Gods Wêzen yn de rêst.

Mar as ’t folk manmachtich opkomt,
memmen nimme mei de bern,
dan sil God har foar Him winne,
lit Hy Wurd yn stienblêd sjen.

Mar de kweade kin ek rinne
oer de râne fan it dak,
Soan fan God hoecht mar te springen
en Hy komt fansels teplak.

Ingels fleane rap derhinne,
dat gjin stien syn fuotten stjit,
mar safier sil Hy ’t net bringe,
Soan en Heit, sy skiede net.

20. Us Heit

Us Heit yn de himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan de kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

21. Sjonge
Liet 474: 1, 2 en 3

22. Seine

Wy hawwe mei Jezus, de Soan,
it paad rûn de Jordaan yn
en troch de woestyn
as besinning op
ús eigen libben.

Dêrom kinne wy mei goede moed
nei hûs gean
mei de krêft fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en de besieling fan de Hillige Geast.

23. Sjonge
Liet 456: 3

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum