Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de ienheid

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 8 novimber 2009 op De Jouwer

Image

1. Tarissing

Wy binne fan ‘e moarn by elkoar kommen
om yn ús brutsen wrâld de ienheid te fieren.

Wy roppe dêrby as ús help de Heare oan
dy’t himel en ierde skieden hat,
net skieden om te brekken,
mar om te ferbinen
want dat is syn wurk
dat noch altyd trochgiet,
ek yn dizze gemeente
en yn dizze tsjinst.
Amen

2. Sjonge
Psalm 146: 1 en 3

3. De ierde

Image

Wat is it in prachtich gehiel, de ierde, in ferskaat oan lânskippen op ien bol, dy’t sels draait en ek om de sinne hinne beweecht. Op ‘e ierde binne se ta libben kommen, de planten, beammen, dieren en minsken. De minsken ha as in twa-ienheid libbe, as man en frou yn it paradys. Dat hôf fan Eden wie in ienheid fan libben.
En no? Binne de mear as seis miljard minsken noch in ienheid? Sjoch net nei it uterlik, want in ferskaat oan gesichten past treflik yn de ienheid dy’t God noch altyd foar eagen stiet.
Mar in ienheid fan moed, it geastlike hert fan de minske, it liket der net op! It deistige nijs skreaut by wize fan sprekken oan de protters, safolle skeel en skande klinke deryn troch. En dan ha wy it noch net iens oer it lijen fan earmen, blinen, doven, deawurgen en minsken dêr’t ûnskuldich de hannen fan bûn binne.
Mar as wy it fjirde fers fan Psalm 146 sjonge, klinkt in oar perspektyf op. Dêrom lit ús sjonge mei it folle moed.

4. Sjonge
Psalm 146: 4

5. Gebed

Hear, wat in prachtich perspektyf
ha wy opklinke litten,
Jo dy’t goeddogge oan ûnrjochtlijers,
earmen, bûnen, blinen en wurgen.

Wy bidde Jo mei ynmoed dat ek
leden fan de Menniste gemeente
fan De Jouwer dy’t yn de lytse loege
sitte, dit perspektyf sjen en ûnderfine
meie.

It soe tsjûgje fan eigenbelang
as wy inkeld foar ússels bidde,
want dan brekke wy de wrâld
yn twa stikken, it grutte stik
foar ússels en it lytse foar de
mear as seis miljard oaren.
Dêrom bidde wy foar harren
bûten de grinzen fan ús gemeente
dy’t breklik binne:
– bern dy’t te min foar lichem en geast krije,
– âlders dy’t te min ha om har bern te jaan
en sels amper yn libben bliuwe kinne,
– minsken dy’t sels op har âlde dei
in minskweardich libben wol ferjitte kinne
en de dea as iennige útkomst beskôgje.

Yn watfoar wynrjochting ek,
Hear ûntfermje Jo oer de wrâld yn need,
dat sy yn ús grutte broer Jezus
ien wurde mei.
Amen

6. Sjonge
Liet 308: 1 en 4

7. Ienheid

Image

In apel, de globe en… ja, wat? De bol fan in wiersizzer? It soe kinne, want it is in prachtich eksimplaar mei banen dy’t kleurich opljochtsje. Mar jim tsjerkerie hat my net frege om fan ‘e moarn de takomst fan de tsjerkegongers of jim gemeente te foarsizzen. As ik al yn de rol fan wiersizzer krûpe wol, dan hie ‘k better op ‘e Jouster Merke stean kinnen.
Lit ús begjinne by de apel mei de hap derút…
De apel stiet foar it kwea yn ús persoanlik libben en yn de grutte wrâld. Dus de apel as teken fan it kwea.
De grutte wrâld is de ierde, dy’t God oan it begjin skieden hat fan de himel. Op dy ierde leit De Jouwer mei tûzenen manlju, froulju en bern, elk mei in unyk libben, fol mei goede bedoelings en dieden, mar mei sa no en dan ek in hap út ‘e apel.
Nei de apel en de ierde is de tredde bol der noch. It hielal? It soe kinne, want der ljochtsje rûntsjes op… stjerren en planeten? En der binne ek banen dy’t de stjerren en planeten troch it hielal meitsje.
It hielal kinst sjen as in ienheid mei miljarden ûnderdielen dy’t min of mear yn lykwicht binne. ‘Harmonie der sferen’ hjit dat ek wol. Ienhied, harmony, it klinkt goed. Sille wy it fan ‘e moarn dêr mar op hâlde, as wy nei de tredde bol sjogge? Dêr heart dan ek de ienheid fan de gemeente by en fan dysels. Ast in man of frou út ien stik bist, dan is der harmony en klinkst harmoanysk.

Wy reizgje fan ‘e moarn oer de ierde en troch de tiid. Reizgje, want binne wy ek yn ús eigen libben net ûnderweis? Wy reizgje fan de Sinaï yn 1250 foar Kristus fia Babel yn 550 foar Kristus nei Jeruzalem yn 150 foar Kristus. Wy binne wer yn Jeruzalem yn it jier 33 nei Kristus en komme op it lêst op De Jouwer oan op snein 8 novimber 2009.

8. Sjonge
Liet fan de ienheid: 1
Wize: Liet 441 út it Lieteboek foar de tsjerken

Kom, folk fan God, op fuotten,
fan jong oant griizjend âld,
fan boartsje oant lang wrotte,
sjoch, foar ús leit de wrâld,
dy’t noeget foar de reis
yn harmony fan sfearen,
ek stoarmen dy’t lûd beare,
dochs ien folk ûnderweis.

9. Lêze
Levitikus 19, 1-2, 11-18

10. Hillich folk (1250 foar Kristus)

Image
Rembrandt

De Sinaï riist heech boppe it folk Israel út. Se ha Mozes derby delkommen sjoen. Earst mei in gesicht dêr’t de grime fan ôfspatte fanwege it gouden keal dêr’t se om hinne dûnse ha. De twadde kear mei de beide stiennen op ‘e earms dêr’t de Tsien Wurden op stiene.
Mar no stiet Mozes foar de tabernakel en hâldt in taspraak. Hy ken as lieder en gasthear syn útfanhuzers. Ja letterlik: want se binne út har hûs gongen, dat yn Egypte stie. En hoe faak hat Mozes harren yn de woestyn net opheine moatten yn in geastlik hûs. Want neat minskliks is de Israeliten frjemd, se witte hoe’t de hap út ‘e apel priuwt.
It begjin fan Mozes syn taspraak is yndrukwekkend: “Wês hillich, want de Heare ús God is hillich.”
Dat is wat oars as: “Jim slaven krije de swipe oer de hûd om de hiele dei yn de gleone sinne te bodzjen.”
De eagen glide wer by de Sinaï op, noch heger nei de sinne dy’t yn it sakjen is en de kleurepracht fan de jûn jout. Is de sinne sa net op syn moaist? Nee, net hillich, want oerdei brânt er harren ûngenedich op ‘e hûd, as de swipe fan in Egyptyske slavedriuwer.
“Hillich is God,” seit Mozes, “en wy moatte ek hillich wêze, op God lykje, want hat Hy ús net apart set fan de Egyptners, dat wy as in frij folk God folgje nei it beloofde lân? Mar harkje fierder, want God sjocht troch de hûd hinne nei jim inerlik, dêr’t jim longerje nei de hap út ‘e apel. Dêrom, jim meie net stelle en net lige…”
De Tsien Wurden op ‘e beide stiennen klinke nochris, mar no yn de folkstaal. Dy wurden reitsje har yn it moed, dat fol wurdt fan hillige oertsjûging, iver en aksje. Sy binne it folk dat as in ienheid de wolk en de fjoerkolom fan God folget troch de woestyn hinne nei it beloofde lân.

Hoe hillich bisto? Reitsje de wurden dy ek yn it moed en giest as Gods aparteling fol hillige oertsjûging troch it libben? Nee, net apart fan de gemeente, want de gemeente is op De Jouwer it folk ûnderweis nei it lân fan belofte.

11. Sjonge
Liet fan de ienheid: 2

Sjoch ’t folk fan lang op fuotten
dêr by de Sinaï,
it heart fan ’t hillich moatten
yn folle harmony;
sa’t Mozes sprekt de taal
op grûn fan de Tsien Wurden
om ’t hillich folk te wurden
giet troch it âld ferhaal.

12. Lêze
Psalm 137, 1-5

13. Ferballe folk (550 foar Kristus)

Image
Gustave Doré   Jesaja’s fisioen fan de ûndergong fan Babel

Wat in ferskil mei it folk dat by de Sinaï nei de taspraak fan Mozes harke. Dêr sitte se oan de streamen fan Babel, de Eufraat en de Tigris, tûzen kilometer by Jeruzalem wei en noch folle fierder fan de Sinaï ôf. Kening Nebukadnezar hat se meifierd út it lân fan belofte nei it lân fan syn goaden. Se binne wer apart, om’t se ballingen binne, mar hillich? It liket der net op, want der klinkt gjin lofliet mear foar de Heare, sjoch mar, de liere hinget oan de wylch. Fuort binne de hillige oertsjûging, iver en aksje. De ienheid fan it folk is ferbrutsen. De hollen hingje, it moed is leech en de depresje slacht foar master op.
Mar dan riist in profeet op, Jesaja, dy’t de ballingen yn de geast werombringt nei de hilligens by de Sinaï. Dêr is it folk troch de Tsien Wurden ta in ienheid wurden en sa sil it wer wurde, yn de stêd fan belofte, Jeruzalem.
Dan riist yn Babel in twadde berch Sinaï op. Net te sjen mei de eagen yn de holle, mar mei de eagen fan it moed. De twa stiennen mei de Tsien Wurden krije in ferfolch. Mannen fan it folk dy’t skriuwe kinne, komme by elkoar… apart. En dizze hillige mannen beprate hoe’t it west hat fan it begjin fan de wrâld ôf, doe’t God de ierde fan de himel skieden hat, oant de yntocht yn it beloofde lân ta.
Se begjinne te skriuwen… Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri, Deuteronomium… en as se by Leviticus 19 binne, komt op it perkamint te stean: Wês hillich, want de Heare ús God is hillich.

14. Sjonge
Liet fan de ienheid: 3

Sjoch ’t folk oan Babels streamen
fier fan Jeruzalem,
foarby gean al dy dreamen
oant klinkt in kleare stim;
Tsien Wurden wurde mear,
in ienheid yn de boeken
om ûnderweis te brûken,
it libben nimt in kear.

15. Lêze
2 Makkabeeërs 6, 18-20

16. Underdrukt folk (150 foar Kristus)

Image
Gustave Doré   De dea fan Elazar

Wy binne yn Jeruzalem. Yn Israël is de Syryske kening de baas en yn Jeruzalem dûnset it folk net om it gouden keal, lykas by de Sinaï, mar ferplichte om de gouden baarch. De timpel is ûnthillige, net mear apart foar it folk dat yn de iennige God fan himel en ierde leaut, mar ek foar de heidenen. Dy noegje harren eigen goaden deryn, fiere feest mei barge-offers en in oerdiedich miel mei bargefleis. En it folk moat dêroan meidwaan.
De njoggentichjierrige Elazar ek. Hy is wetgelearde, wit alles fan de Tsien Wurden en de fiif boeken dy’t yn Babel skreaun binne, in prachtige ienheid fan God en syn folk.
As Elazar it bargefleis yn de mûle hat, rint er resolút nei it folterplak, it plak fan de eksekúsje, syn foarlân, en spuit it dêr út, omdat it ûnrein is.
De lju fan it offermiel ha begrutsjen mei de âldman, dat dy op syn leeftyd noch oant de dea ta foltere wurde moat. Se nimme him apart, nee se binne hielendal net hillich, mar se nimme him apart foar in list. As er no stikem syn eigen fleis klearmakket en dan by it offermiel krekt docht as yt er bargefleis, dan sil der fierder net oer praat wurde, lit stean dat er nei it folterplak ta moat.
Elazar skodhollet resolút. Hoe kin er no twa gesichten ha? It gesicht fan it reine fleis, dat er yt en it gesicht fan it bargefleis dat er sabeare yt. Hy wol in ienheid wêze, in minske út ien stik, in foarbyld foar de jongerein, foar it hiele folk. Want as se him sjogge oan it offermiel, de wetgelearde dy’t wit wat God fan syn folk freget, dan sille se op ‘e doele reitsje en net mear it ferskil tusken hillich en ûnhillich kenne.
By de pommeranten fan it offermiel, dy’t earst begrutsjen mei de âldman hân ha, lôget no de grime heech op. Se slepe him nei it folterplak en meppe derop los.
Hearre jim wat Elazar mei brekkende stim seit?
“De Heare yn syn hillige wiisheid fernimt skoan hoe’n slimme pine ik oan myn lichem lij fan dizze foltering dêr’t ik foarwei kinnen hie; mar Hy wit ek dat ik it yn myn siel mei blydskip ûndergean út ûntsach foar Him.”
Wa’t ûntsach hat foar God, sjocht syn hilligens en is sels hillich.

Likesto op Elazar? Bisto ek in man of frou út ien stik? Nee, it giet tsjintwurdich net om bargefleis, mar om útkomme foar dyn hillige oertsjûging.

17. Sjonge
Liet fan de ienheid: 4

Sjoch ’t folk mei bûne hannen
oan ’t miel mei bargefleis,
lykas yn heidenlannen
gean goaden mei op reis,
mar ien man giet net mei,
hy rint syn paad moedwillich
en bliuwt yn ’t lijen hillich,
foar him wurdt it wer dei.

18. Lêze
Markus 12, 28-34

19. Freegjend folk (33 nei Kristus)

Image
Gustave Doré   De antwurden fan Jezus

Yn it jier 33 nei de berte fan Kristus, krekt foar it Pesachfeest, wurdt Jezus ynsletten troch gelearde pommeranten, sy dy’t alles witte fan de Tsien Wurden en de fiif boeken dy’t yn Babel skreaun binne. Se hawwe de earen op ‘en wiidst iepen om elk wurd op te heinen dat dy Jezus fan Nazaret útspuit. As it mar wat op bargefleis liket, dan sille sy him oppakke en nei it folterplak bringe. Nee, der sil gjin list oan te pas komme om Him in útwei te bieden. Der is foar harren mar ien wei, de wei fan Him apart nimme, net as hillich, dat moast der ek noch bykomme, Him apart nimme dat Er it folk mei syn boadskip net langer beynfloedzje kin.
Nei’t Jezus alle fragen sa beäntwurde hat dat se Him net yn har strûpen fange kinne, komt in wetlearaar nei foaren mei dé fraach: “Wat is it alderearste gebod?”
Dêr is mar ien antwurd op, it antwurd fan de ienheid: “Hark Israel, de Hear ús God is de iennichste. Haw Him leaf en de neiste as dysels.”
En wat seit de wetlearaar?
“Leafhawwe is mear wurdich as alle brân-  en fleisoffers.”
As reaksje fan Jezus folget: “Jo binne net fier fan it Godsryk ôf.”

20. Sjonge
Liet fan de ienheid: 5

Sjoch ’t folk mei hûndert fragen
oan Him út Nazaret,
Hy moat it jok mar drage,
Him hâlde oan de wet;
Tsien Wurden wurde ien,
de leafde jout it measte,
dan wurdt de lêste earste
op wei út ‘e woestyn.

21. Mennistefolk fan De Jouwer (2009 nei Kristus)

Nee, jim binne net út Egypte wei by de Sinaï lânskommen om de Tsien Wurden mei te nimmen nei it lân fan belofte.
Jim binne ek net meifierd yn ballingskip nei Babel om dêr de liere oan de wylch te hingjen.

Jim hawwe dêr ek net in ferfolch op de Tsien Wurden skreaun.
Mar jim foarfaars hawwe yn de sechtjinde ieu wol yn de knipe sitten, doe’t de roomsen noch foar master opsloegen, want doe waarden de mennisten beskôge as ketters, as minderweardich, ta de dea keard. Hat hjir op De Jouwer in Elazar west, in minske út ien stik, dy’t hoekhold en dêrom ferfolge waard, miskien wol foltere oant de dea derop folge?
Jim Mennistefolk fan de Jouwer hat yn de geast yn Jeruzalem west en om Jezus hinne stien, doe’t de wetlearaar de fraach oer it alderearste gebod stelde. Hoe faak hat it antwurd yn jim Fermanje wol net klonken: “Hark Mennistefolk, de Hear ús God is de iennichste. Haw Him leaf en de neiste as dysels.”
Jim hawwe fan jim foarfaars trochkrigen dat jim trochgean moatte, as gemeente ûnderweis wêze, as in ienheid dêr’t it himelske ljocht fan de wolk en de fjoerkolom op ôfstrielet. Want yn dy ienriedichheid lykje jim op God, dy’t hillich is en dus jim ek.
Amen

22. Oargel

23. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

24. Sjonge
Liet fan de leafde 1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8 en 9
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken

Image

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.

No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.

Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.

Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.

25. Seine

Wy geane fierder op ‘e libbenswei
as persoan en gemeente
yn de hillige oertsjûging
dat de Hear mei ús giet.

Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.

26. Sjonge
Liet 456: 3


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum