Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst ‘Der glêd mei oan wêze’

Religy

Op 25 novimber 2018 yn Itens

1. Wolkom

2. Utlis liturgysk blomstik

3. Oargelspul

4. Stilte

5. Sjonge
Liet ‘Paradys’


Jan Brueghel de Oude

Alear ha ’k wenne yn ’t hôf fan Eden
dêr ’k no safier fan ôfdwaald bin
omjûn fan alle hearlikheden
sa’t nea in minsk betinke kin.

O blide tunen en rivieren
o kleare loft, o goede grûn –
ik koe de taal fan alle dieren
ha ider beest syn namme jûn.

En God wie altyd om my hinne
myn libben wie mei sines ien
ik koe him oan de waarme sinne
en oan it rûzjend beamtegrien.

O paradys, sa grien begerze
myn hert lûkt nei syn oarsprong ta
en altyd sil ’k ûnwennich wêze
salang ik dy net werfûn ha.

6. Bemoediging

7. Tsjinst om te betinken

Wy binne fan ’e moarn by elkoar kommen
om nei te tinken oer wat wy leauwe en net leauwe
en dêroer te sjongen,
mar ek om te betinken de minsken dy’t út ús libben
weirekke binne.
Foar elkenien is der gelegenheid
om foar syn of har leave neiste in ljochtsje
oan te stekken, de namme te neamen
en wa’t dêr ferlet fan hat yn it koart wat te sizzen,
opdat de minsken fan foarby yn ús tinken bliuwe.



8. Sjonge
Liet ‘De minsken fan foarby’

De minsken fan foarby, se binn’ noch yn ús tinken.
De minsken fan foarby, har nammen sille klinke.
Wy bringe ús te binnen de wurden en de sinnen.
Hoefier yntusken by ús wei, se binn’ ús noch sa nei.

De minsken fan foarby gean mei ús troch de jierren.
De minsken fan foarby, se binn’ yn ús fermidden.
Wy bliuwe nei har talen yn dreamen en ferhalen,
yn wyngeroft of yn in liet dat opklinkt út fertriet.

De minsken fan foarby, se wurde net ferjitten.
De minsken fan foarby binn’ yn in godlik witten.
Har pleaget gjin ferline, gjin twivel of gjin pine.
Gjin ûnrêst komt noch ea tenei de minsken fan foarby.

9. Ynlieding

Men kin der yn it libben glêd mei oan wêze, sa glêd dat men gjin grûn mear ûnder de fuotten fielt… fielt, want ‘dermei oan wêze’ hat te krijen mei it gefoel. De emoasje spilet sa heech op dat men fan gjin wei mear wit… wit, want it libben kin net sûnder it ferstân. As gefoel en ferstân yn lykwicht binne, dan is der harmony.

Men sil mar in leave neiste ferlieze, in ferlies dêr’t wy allegearre oer meiprate kinne. Fan ’e moarn sûnder wurden of troch it neamen fan in namme of mei in tal wurden dy’t de ferstoarne rjocht dogge. De minsken fan foarby binne hjir hjoed yn ús fermidden kommen, om’t se ús sa nei binne. As it ferstân it allinnich foar it sizzen kriget mei de wurden ‘kop op, it libben giet fierder’, dan reitsje de ferstoarne neitsten fierôf. Wa’t it gefoel ek sprekke lit, bygelyks yn dreamen en ferhalen oer de leave neiste, rekket op ’en doer wer yn lykwicht.

By it ferlies fan in bern moatte de âlders wol folslein út it lykwicht reitsje. De grûn rekket ûnder de fuotten wei, sa fielt it. It liket as is der gjin wei mear nei de takomst. It bern sakket net allinnich yn it grêf, mar nimt ek in part fan it libben fan de âlders mei.

In moanne lyn rûn ik op in stoarmige dei op it troch beammen opseame tsjerkhof fan Koudum. De grêfstien fan ús pake en beppe, beide 87 jier wurden, moast fan de griene oanslach ôf, dus lei ’k derby op knibbels, ek om har efkes te betinken. Nei’t harren nammen wer skjin foar it ljocht kommen wiene, rûn ik fierder en as moast it sa wêze, de iene nei de oare namme út It Heidenskip wei kaam my bekend foar. Ynienen seach ik in grêfstien mei twa nammen en twa foto’s. De heit wie op ‘een gezegende leeftijd’ ferstoarn en glimke my ta. Mar syn soan Tsjalke wie mar trettjin jier wurden. Ik wie der efkes mei oan, want ek de jonge mei syn lang hier, dat him oer de earen foel, moade út ’e jierren sechtich, hie in glimke om de mûle.
‘Hoe koe dit no, Tsjalke?’ gie troch my hinne, mar ik kriich gjin antwurd. Letter ha ’k dat antwurd wol krigen.

Doe’t wy it by de tarieding fan dizze tsjinst hiene oer it ferstjerren fan bern, murk Anna Marike op dat se wolris heard hie dat immen as treast oan de âlders it folgjende meijoech: ‘God hat jim bern grif weinommen om him te sparjen foar wat him noch te wachtsjen stie.’
Dêr sprekt in bysûnder godsbyld út: as soe God de fierdere libbensskiednis fan elk minske op ierde al foar eagen ha. Ik moast efkes tinke oan de predestinaasjelear fan Gomarus sa’n fjouwerhûndert jier lyn: God soe al foar de berte fan in bern besletten ha oft it yn de himel of de hel kaam.

Wy sille yn de oertinking omtinken jaan oan puber Abel en it soantsje fan de farao, Abel útbylde op in skilderij fan Tintoretto, de âldste soan fan de faroa waard werjûn troch Alma-Tadema.
Jim meie wol witte dat ik by it sjen fan beide der glêd mei oan wie. Sjoch hoe’t de heiten harren soannen op ’e knibbels drage en de memmen oer de deade bern hinne bûge. Komt alles op itselde del?

10. Sjonge
Liet ‘ Wat beskrep ik, seit de Preker’

Wat beskrep ik, seit de Preker.
Dwaasheid wat ik jim fertel.
Want fan ien ding bin ik seker:
alles komt op ’t selde del.
Wêr’t wy ek ús hert oan jouwe,
’t is gjin spul fan op ’en doer:
alles wat wy hjir beklauwe,
bliuwt úteinlik neat fan oer.

Generaasjes komm’ en geane,
mar de ierde bliuwt bestean.
Alle dagen riist de sinne
om dêrnei wer del te gean.
Hokker fan de fjouwer streken
jout de wyn in bliuwend stee?
Ivich streame alle beken,
wetter dragend nei de see.


Gustave Doré

Wurch wurdt men fan alle dingen –
’t libben is in mealend rêd.
Noait in dei ta rêst te bringen,
reitsje each en ear net sêd.
Wat der wie dat sil der wêze
en wat dien is wurdt wer dien.
Sa lit him de takomst lêze
út ’e iuwen lang fergien.

Dingen mear as sljochtwei hinne
sykje wy hjir om ’e nocht –
neat gjin nijs ûnder de sinne,
wat men heart of wêr’t men sjocht.
Generaasjes fan ’t ferline
tinkt gjin minske hjoed noch oan,
sa’t ek wy aanst wer ferdwine
út ’e heugenis fan moarn.

11. Lêze
Genesis 4, 1-8

Oanfoljende tekst neffens Tinteretto

Doe’t Eva it jûnsmiel klear hie, wiene Kaïn en Abel der net.
Mei Adam gie se op ’e syk nei har jonges.
Se fûnen Abel dea by it alter, dat noch smeulde fan it offer.
Adam naam syn jongste soan op ’e knibbels en Eva bûgde
oer him hinne en gûlde bittere triennen, want har hert briek.


Tintoretto

Exodus 12, 29-30

Oanfoljende tekst neffens Alma Tadema

Doe’t de farao yn it paleis it jammerjen fan bûten hearde,
wist er op slach wat der oan de hân wie. Mei syn frou gie er
nei de sliepkeamer fan syn âldste soan. Hy lei dea op bêd.
De heit droech him nei de troanseal en lei him op ’e knibbels.
De mem bûgde oer har jonge hinne en gûlde bittere triennen,
want har hert briek.


Lourens Alma-Tadema

12. Pianospul

13. Oertinking

Oansjen, ik seach it oan en wie der glêd mei oan.
Oansjen, de âlders kinne it net oansjen. De iene heit draait de holle fansiden, de oare heit stoarret foar him út. De memmen ha de hannen foar de eagen slein. Folsleine ferbjustering.
En God de Skepper en God de Heit? Hy seach nei Abel en syn offer en net nei Kaïn en syn offer. De jongste giet by Him foar de âldste, sizze de bibelskriuwers. Kaïn kin dit net oansjen en sjocht dêrom syn broer net oan. God wol it petear noch mei de âldste oangean en wiist op ’e konsekwinsjes fan syn delsjen, de sûnde, mar Kaïn hat mar ien antwurd: hy slacht syn broer Abel dea.
Meie wy twa fragen stelle: ‘Hoe koe dit no, God? De konsekwinsje fan it inkelfâldige oansjen wie deaslach. Hiene Jo dit net foarsjen kind?’
Of leit yn dizze fragen in ferkeard godsbyld besletten?

Op ’e troan sit farao Ramses II, dat wie yn de tiid fan Mozes, sa giet it ferhaal, en syn belangrykste frou, Nefertari, wie de mem fan syn âldste soan en opfolger. Yn de nacht fan de tsiende pleach rekke de Heare alle âldste soannen yn it lân fan Egypte deadlik.
Meie wy twa fragen stelle: ‘Hoe koe dit no, God? Wêrom moasten bern de deadlike dupe wurde fan de ferhurding fan it hert fan de farao?’
Doe’t wy dizze tsjinst tarieden, murk Douwe op dat der yn de tiid miskien wol in epidemy troch Egypte ware en dat de bibelskriuwers om dy goarre hinne it ferhaal fan de befrijing fan it slavefolk Israel op perkamint setten ha.
Dan soe der gjin sprake fan wêze dat God withoefolle bern de deastraf jûn hie, want it godsbyld fan de bibelskriuwers seach der no ienkear sa út.

Luxor Timple yn, Egypte

Wy geane werom nei it tsjerkhof fan Koudum. Ik rûn by it grêf fan Tsjalke en syn heit wei en kaam by in stien mei it opskrift:
De mens kan van alles van plan zijn, maar de Here bepaalt de loop der gebeurtenissen.
Ik rûn werom nei Tsjalke, skodholle en mompele: ‘Dat kin net wier wêze.’
Dyselde dei hearde ik it antwurd op myn fraach: ‘Hoe koe dit no, Tsjalke?’
Tsjalke hie der glêd mei oan west en hie him ophongen yn it treppensgat, trettjin jier jong.
De Here bepaalt de loop der gebeurtenissen?

Wis, dit is ien fan de godsbylden dy’t guon minsken treast jout, yn ús tiid ek noch.
Godsbylden, de Bibel stiet der fol mei.
Yn it Alde Testamint:
God as Skepper
God dy’t lûd jout (bygelyks yn it oansprekken fan Kaïn)
God fan de ropping (Abraham, Mozes, Samuël)
God dy’t mei de minske wrakselet (mei Jakob by de beek)
God dy’t ûnskuldige bern straft (de âldsten fan Egypte)
God op ’e rêch sjoen (troch Mozes op ’e Sinaï)
God as deagraver (fan Mozes)

Mar dan feroaret it godsbyld yn it Nije Testamint:
God as Heit (fan Jezus, fan de ferlerne soan)
God as Wurd (by Jehannes)
God dy’t yn de steek lit (by Jezus oan it krús)
God strieljend as ealstiennen op ’e troan (sûnder foarm)

En yn de iuwen dêrnei:
God as Skepper en op-syn-beloop-litter
God as natuerlike oerkrêft yn de kosmos (Albert Einstein)
God yn de minske (de inerlike God)

Yn de rin fan it tariedend petear murk Hindrik op dat it byld fan de dea yn dizze tsjinst net it lêste wêze mocht, want Jezus wie der ek noch.
Lukas 18, 15-16
Se brochten de lytse bern ek by Jezus,
dat Er dy oanreitsje soe.
Mar doe’t de learlingen dat seagen,
stegeren se har ôf.
Jezus rôp de lytse bern lykwols by Him
en sei: ‘Lit dy bern by My komme
en kear se net. Want foar sokken
is it ryk fan God.’


Rembrandt

Meie wy noch ien fraach stelle: ‘Is Jezus dan it wiere godsbyld?’
Folslein ferlitten troch God oan it krús, sa fielde it, lykas Tsjalke him yn it treppensgat ek folslein ferlitten fielde. Mar sjedêr: Jezus wurdt nei 2000 jier noch altyd ta libben roppen. En is it ek net bysûnder dat Tsjalke de Jong fan Koudum hjoed yn Itens nei in heale iuw ek wer ta libben roppen is… as ien fan de bern yn de wrâld?
Amen

14. Sjonge
Liet ‘As in bern yn ’e wrâld’

Wa is yn Gods keninkryk
wichtich as gjin oar te neamen?
Hy dy’t oan in bern gelyk
yn ’e romte fan syn dreamen
him fernuvert oer de dingen
ûnder wurden net te bringen.

Refrein
Iepen eagen, iepen earen,
en in see fan tiid te gean
om by alles stil te stean,
noait te grut en noait te âld
om ferwûndering te learen:
as in bern yn de wrâld.

Dy’t net oan de dagen tilt
sil in frijheid ûnderfine
grutter as te keap foar jild,
dat it each sa faak ferbline.
Sjoch de rykdom om dy hinne,
sa’t de lytse bern noch kinne.
Refrein

Kom net oan it each fan bern,
straf se net mei gâns ferdwazing.
Lit se om har hinne sjen,
fol ûnthjit en fol ferbazing.
’t Heimnis fan ús djipste wêzen
is op har gesicht te lêzen.
Refrein

15. Gebeden

God fan Adam, Eva, Kaïn en Abel,
wa’t en hoe’t jo oars en fierder ek binne,
wol harkje nei ús gebed.

Wy bidde foar wa’t mei fertriet yn de tsjerke sitte,
mei it ljocht dat fan ’e moarn oanstutsen is, harren treast jaan.

Wy bidde foar de minsken dy’t hjir net wêze koene,
om’t se siik binne of gjin krêft mear ha om oer
de tsjerkedrompel hinne te stappen.

Wy bidde foar wa’t beheind wurden binne
yn it stean en gean sûnder foarútsicht
op ferbettering.

Wy bidde foar de minsken dy’t dermei oan binne
en harren leauwe deroan jûn ha,
meie se nije wegen fine.

Wy litte no de stilte sprekke,
dat ús eigen noeden
Jo berikke meie.

 Liet ‘God fan fier en hein ús Heit’

16. Kollekte

17. Sjonge
Liet ‘Ut fjoer en izer, soer en sâlt’

Wy dy’t út ierde berne binne,
binne mei elkoar op ’en paad,
swevend tusken ierde en himel,
soms mei de holle yn de wolken,
meastal mei beide fuotten op ’e grûn,
taastend nei de wierheid.
Dêrfan sjongt dit liet.

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

18. Seine

Lit ús daliks, by de terp fan Itens del,
weromgean nei de flakten en hichten
fan ús bestean,
elk mei syn of har eigen godsbyld,
seinige troch God, dy’t út it fjoer wei sprutsen hat:
‘Ik bin dy’t ik bin.’
Amen

19. Sjonge
Liet ‘De frede fan de greiden’

Dit liet sjonge wy foar alle minsken fan foarby.
Dat wie ek de winsk fan Janny foar har leave neiste
Sjirk Hoekstra.

De frede fan ’e greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan ’e loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no wêze yn dy.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum