Samech, sletten letter,
romte inkeld fan Jahweh,
sa ûntagonklik as in stjer,
fier boppe goed en better.
Strieljend wyt dat brekke
kin troch rûnten en rûnom
syn ljocht ferspriedt en lûd: ‘Ik kom
om hannen út te stekken.’
Trijehoek nei boppen
wizend, heinend ’t strieljend wyt
dat sydlings nei de ierde glydt,
syn stipe sil fier roppe.
Under mei it woedzje
as de weagen fan de see,
de beide hannen binne ree:
Jahweh sil dy behoedzje.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen |