Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paadwiistsjinst

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 4 desimber 2011 yn Terkaple

Image

1. Tarissing

Op dizze twadde snein fan Advint
sitte wy hjir fol ferwachting
fan it kommende heil
yn in wrâld dêr’t tsjusterens hearsket,
de lange nachten, krisis op krisis.

Mar wy meie it ljocht oan de kym al sjen,
om’t wy yn de leafde fan God de Heit libje,
as kristenen de Namme fan Kristus drage
en de Geast ús besielet om paadwizer te wurden.
Amen

2. Sjonge
Liet 444: 1, 2 en 3

3. Gebed

Grutte God, oan jo de lof foar ús libben,
dat wy libje meie as wiene wy thús by Jo,
mar wy binne noch altyd ûnderweis,
ûnderweis mei op ‘e rêch de fracht
dy’t it libben ús te dragen jûn hat:
in sykte ûnder de lea,
in handikap dy’t beheint,
it ferlies fan wurk en útsicht,
it ferlies fan in leave neiste,
it fertriet fanwege iensumens
en noch safolle oare swierrichheden.

Wy bidde, ûntfermje Jo.

Mar dochs, Grutte God, wy witte
dat Jo de hân op ús lizze,
doarren foar ús iependogge
en ek yn de dea ús net ferlitte.

Yn de mannichte fan lûden
dy’t alle dagen om ús hinne sirkelje
en yn it stoarmjen fan de tiid
binne wy sykjende nei it sêfte sûzjen
fan Jo Wurd, dêr’t ek ús namme yn meiklinkt:
‘Wês yn it libben paadwizer,
want dan komt it Keninkryk tichterby.’
Amen

Image

4. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2, 3, 4 en 5

5. Ynlieding

Wa bisto?
Net in al te drege fraach. Do bist de man of frou mei de namme dyst by de berte meikrigen hast. Dy namme stie mei grutske letters op it bertekaartsje. Dat kaartsje kinst miskien noch foar wol eagen krije. Wa’t foar of yn de Twadde Oarloch berne is, waard inkeld mei letters oankundige, letter kaam der mear sier op.

Wa bisto?
Net inkeld in namme, mar in minske dy’t yn de rin fan syn of har libben safolle meikrigen en opnommen hat dat er noch uniker wurden is as by de berte.
Ik bin boer fan berop.
Ik ha in eigen saak opboud.
Ik bin mem fan…
Ik bin pake fan…
Ik stean foar gelikense rjochten foar alle minsken.
Ik bin âld en yn de rin fan it libben wizer wurden.
Ik bin kristen…

Wa bisto?
Ik bin gelokkich mei myn libben.
Dat strielest út, sadat oaren dat oan dy sjen kinne: ‘Sy is folslein harsels, it strielet fan har ôf.’

Wa bisto?
Ik ha myn leave neiste ferlern en sjoch it net mear sitten.
Dat kinne oaren ek oan dy sjen: ‘Hy is himsels net mear sa’t er dêr mei de holle foardel rint.’

Wa bisto fan ‘e moarn noost hjir yn dizze tsjerke sitst?
Lit dat yn dy omgean as wy yn de rin fan dizze tsjinst sjen en hearre sille:
– wa’t de profeet Jeremia is – byld 1;
– wa’t de profeet Jesaja is, de twadde Jesaja – byld 2;
– wa’t Jehannes is, earst puber yn de woestyn, letter doper – byld 3;

6. Sjonge
Liet fan it paadwizen: 1 en 2
Wize: Liet 124 út it Lieteboek foar de tsjerken

It paad rint nei de berte
it hiele libben troch,
do silst dyn  namme sette
op ’t boerd dat wiist nei Him.

Dan klinkt as út ‘e fierte
it koar fan Betlehem:
‘Elk moat de berte witte
fan Him dy’t weiwiist, sjoch!’

7. Byld 1
Jeremia

Image
Rembrandt

Dêr sit er, de profeet Jeremia, mei de hân oan de holle, wylst Jeruzalem brânt. Hy is telider slein, is himsels net mear, no’t er foar eagen hat dat syn profesije yn fjoer en flam opgiet. As profeet hat er paadwizer west, mar it folk is syn eigen wei gien. Wat hat er Juda en Jeruzalem warskôge dat it net goed gie. Wis, yn Jeruzalem stie noch altyd de timpel fan Salomo, waard Gods Namme alle dagen noch oanroppen, mar dy rop kaam allinnich mar út ‘e mûle, net út it hert.
‘Bekear jim,’ rôp Jeremia, ‘kear jim om, by de frjemde goaden wei, nei God ta, want dan kin syn Keninkryk komme!’
Mar it stedsfolk en de timpelelite kearden Jeremia de rêch ta.
No hearske yn dy dagen, lykas hjoed de dei, in krisissfear. Net yn it foarste plak in finansjele en ekonomyske krisis, mar in politike. It machtige Babel hie it yn de measte lannen fan it Midden-Easten foar it sizzen, ek yn Juda. Djip yn har hert winsken de Judeeërs dat se frij bliuwe soene fan de Babyloaniërs, mar de rop om frijheid koene se net op ‘e lippen nimme, dat wie te gefaarlik.
Mar Jeremia naam in hiel oar boadskip yn de mûle: ‘Set jim sinnen op Gods Keninkryk en set it net yn de kant tsjin Babel.’
Dy wurden beskôgen se yn Jeruzalem as lânferrie en de profeet waard yn de put smiten, kaam sels yn de finzenis telâne.
Soks bart mei minsken dy’t de wierheid út it hert komme litte en yn de mûle nimme, in wierheid dy’t tsjin it sin fan it eigen folk is. Sa’n wierheid hat in skel lûd.
Dat lûd kaam oanrôljen mei de weinen fan it leger fan Babyloanyske kening Nebukadnezar. Jeruzalem waard yn brân stutsen en ek de timpel brânde ôf. In grut part fan it folk waard meifierd, de holle foardel.

Dêr sit er, de profeet Jeremia, mei de hân oan de holle, wylst Jeruzalem op ‘e achtergrûn brânt.
Wa is Jeremia no noch?
Gjin profeet mear, want no’t it folk as ballingen fuortfierd wurdt, foar wa moat er dan noch profetearje? Syn ropping liket ferflein.
Jeremia sit yn de geastlike put.
Kinsto dy, sa’t er dêr sit, mei him identifisearje?
Hasto ek wolris sa sitten, telider slein troch ferlies… fan dyn sûnens, fan freonksip, fan in leave neiste? Dan kinst amper noch in wurd útbringe. Wa bist dan noch?

8. Sjonge
Liet fan it paadwizen: 3 en 4

Profeten hawwe tsjûge,
’t betearde ûngelyk,
ek Jeremia noege
oer wegen nei it Ryk.

Mar ’t folk keas eigen paden
nei goaden sûnder doer,
it waard mei ’t lot beladen
fan balling, ’t sânpaad oer.

9. Lêze
Jesaja 40, 1-11

10. Sjonge
Liet 123: 1, 3, 4 en 5

11. Byld 2
Jesaja

Image
Ut: ‘In het voetspoor van de Bijbel’

Ik kin jim gjin byld sjen litte. Ik ha gjin byld fan dy lange tocht troch de Syrysk-Arabyske woestyn, tûzen kilometer fier. Dat is foar it leger fan kening Nebukadnezar al in drege ûndernimming, lit stean foar de ballingen fan Juda en Jeruzalem, oan elkoar fêstbûn, mei de tonge op ‘e sandalen fan wurgens en toarst.

Ik kin jim gjin byld sjen litte fan de Tigris of de Eufraat, de rivieren fan Babyloanië dêr’t de ballingen treurjend sieten en harken nei it rûzjen fan de weagen: ‘Ferlern, foar altyd ferlern, gjin omkear nei it westen, dêr’t jim berne binne.’
De ballingen hiene de lier oan de wylgen hongen en koene har langstme nei Jeruzalem allinnich noch mompelje: ‘O, Jeruzalem, nea sil ik dy ferjitte, de wurden fan de profeet hear ik noch: Kear jim om yn ôfwachting fan it Keninkryk fan God.’

Ik kin jim gjin byld sjen litte fan de profeet Jesaja, de twadde Jesaja, mar jim ha syn wurden heard: ‘Treast, treast, myn folk, it is dien mei de slavetsjinst, de skuld is lykmakke, meitsje yn de woestyn in wei ree, in flakke wei. Klim op in hege berch en rop út dat God alles yn de macht hat, dat er in hoeder wêze wol foar de keppel en de lammen op syn hert draacht.’

Wa is Jesaja?
In profeet, in profeet mei de holle omheech.
Sjogge jim him dêr al stean, wylst er de heilswurden suver útsjongt?
Kinsto dy, sa’t er dêr stiet, mei him identifisearje?
Hasto wolris sa stien, fol fan in bliid boadskip, de fraach fan wolst myn frou wurde, it ja-wurd fan dyn frou, de berte fan dyn bern of bernsbern. Doe koest it wol útsjonge.

It folk oan de Eufraat en de Tigris fearre op, de hollen kamen omheech, want der wie útsicht, sicht op Jeruzalem, de godsstêd en úteinlik op it Keninkryk fan God. Se pakten de lier út ‘e wylgen en songen it út fan freugde.

12. Sjonge
Liet fan it paadwizen: 5 en 6

It folk yn frjemde streken
hie gjin fertrouwen mear,
in balling sûnder teken,
it Godsfolk sûnder Hear.

Jesaja hat doe tsjûge
fan treast yn it bestean,
it wie God sels dy’t noege
om op ‘en paad te gean.

13. Lêze
Jehannes 1, 19-28

14. Sjonge
Liet fan it paadwizen: 7 en 8

Jeruzalemmers sochten
in antwurd op har fraach:
‘Wa binne jo? Wy tochten…
út ús profetelaach.’

Jehannes liet him kenne
as wizer fan it paad:
‘Hy komt foar it ferlerne,
ik stean by Him yn ’t skaad.’

15. Byld 3
Jehannes

Image
Andrea del Sarto

Dêr stiet er, eins noch in jonge, in puber, mar hy hat de woestynklean fan kamielehûd al om de lea: Jehannes, soan fan Sacharias en Elisabet. Hy is it dy’t roppe sil by de Jordaan, it plak dêr’t it befrijde folk oerstiek en oankaam yn it beloofde lân. Hoe faak hat heit en pryster Sacharias him dat wol net ferteld en foarlibbe: ‘Wy binne in befrijd folk, Jehannes, befrijd troch Jahweh en Mozes hat ús troch de woestyn laat om yn it lân fan molke en huning te wenjen. Hat Mozes net sein dat Jahweh út ús fermidden in profeet opkomme litte sil en dat Hy him wurden yn de mûle leit? En hat Jesaja net ferkundige dat der ien komme sil dy’t ropt om in wei yn de woestyn ree te meitsjen, in flakke wei nei de befrijing ta? Miskien dat dy profeet en dy ropper yn ús dagen komt… betsjut de namme dy’t wy dy jûn ha net God is leafde?’
Jehannes hie mei sân pear earen harke. Troch him hinne weage in langstme dat er gjin namme jaan koe. Nee, net dat hy dy profeet wêze soe, mar hy soe wol de ropper wêze kinne.
En sa is Jehannes yn de woestyn belâne, puber noch mei in kamielehûd om him hinne.

Mar in puber wurdt folwoeksen en syn rop klinkt fier: ‘Bekear jim, sljochtsje it paad foar de Hear, sa’t Jesaja sein hat!’
Hearre jim dêr ek net de rop yn fan de profeet Jeremia: ‘Bekear jim, want dan kin Gods Keninkryk komme!’
Mar Jeruzalem en de timpel giene yn de tiid fan Jeremia yn flammen op. Dat mocht net wer barre.
Dêrom klinkt de rop fan Jehannes, God is leafde (is syn namme), oer berch en rivierdelling hinne oan Jeruzalem ta. Dêr skrillet de timpelelite wekker: ‘Wat krije wy no? Sil sa’n snotnoas ús, ‘hege learaars’, oproppe om de lichte yn te gean, sels hichten te sljochtsjen ta lichten? Wa is hy wol?’
In delegaasje giet oer de bergen nei de bedelte mei fjouwer fragen yn de teologyske diplomatetas:
‘Wa binne jo?’
En Jehannes (God is leafde, is syn namme) antwurdet: ‘Ik bin de Messias net.’
‘Binne jo Elia?’
‘Dy bin ik net.’
‘Binne jo de profeet?’
‘Nee.’
‘Wa binne jo dan al?’
‘Ik bin de stim fan ien dy’t ropt yn de woestyn. Sljochtsje it paad foar de Hear, lykas de profeet Jesaja sein hat.’

Image

Wa is Jehannes?
Tsjûge fan dat God leafde is, dat seit syn namme.
In stim dy’t ropt.
In paadwizer nei Jezus.

Kinsto dy, sa’t er dêr stiet, mei him identifisearje?
Want wa bisto?
Tsjûge dat God leafde is? Al sil dyn namme dat net fertelle.

Wa bisto?
In stim dy’t ropt? Mar net yn de woestyn, want dy is yn de omkriten fan Terkaple net te finen.
En roppe, dat dogge wy foar SC Hearrenfean of SC Cambuur, mar foar de Hear? Yn tsjerke, jawis, dat is it plak om foar de Hear te… sjongen, mar dêrbûten? Wy roppe net sa gau foar de Hear.

Wa bisto?
In paadwizer nei Jezus? Rjochtingoanwizers, dêr kinne wy net sûnder, hoewol mei de Tomtom fan tsjinstwurdich komme wy ek fier. Mar hoefier komt de wrâld mei Jezus? Net fier as der foar Him gjin paadwizers mear binne.

Wa bisto?
Bisto dan sa’n paadwizer yn dizze Advintstiid, paadwizer nei de stâl fan Betlehem? En fierder nei Golgota en it hôf dêr’t er opstien is…

As wy lykas Jehannes paadwizers nei Jezus wurde, dan komt it Keninkryk fan God yn sicht.
Amen

16. Sjonge
Liet fan it paadwizen: 9 en 10

Wy libje folle letter,
mar hjoed klinkt wer dy fraach:
‘Wa bist? Witsto it better
of bist as balling traach?’

Lit daagje dan it easten,
wurd wizer fan it paad
nei Him dy’t waard de earste
dy’t skaaide nei Gods aard.

17. Oargelspul

18. Us Heit

19. Sjonge
Liet 124: 1, 2, 3, 4 en 5

20. Seine

Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.
Amen

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum