Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nammetsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 4 maaie 2014 yn Earnewâld

Image

1. Tarissing

Hoefolle nammen binne yn de Twadde Wrâldoarloch yn nûmers feroare?
Wêrom soe men telle moatte?
Elke namme is der ien,
fertelt fan in minske, dy’t libbet of libbe hat.
Wy belibje hjoed, op 4 maaie 2014, de Nammetsjinst.

Wy roppe dêrby de Iene oan
mei de namme ‘Ik bin dy’t Ik wêze sil’.
De Iene, dy’t himel en ierde ta oansjen rôp,
is derby, hjoed ek yn de tsjerke fan Earnewâld.
Amen

2. Sjonge
Tuskentiden 5: 1, 2, 3, 4 en 5… Jo dy’t ús by namme neame

3. Bea

Hear wy bidde foar minsken dy’t safolle misse moatte:
wurk, sûnens, in hân om te treasten, perspektyf op ‘e takomst.
Lit ús bidde út gemis.

Sjonge
Tuskentiden 16: 1

Hear wy bidde foar bern yn de ferdrukking:
sike bern, bern fan skieden âlders, bern sûnder âlders, bern yn oarlochsgebieten.
Jo witte har nammen.
Lit ús bidde foar it bern.

Sjonge
Tuskentiden 16: 2

Hear wy bidde foar minsken dy’t net frij binne,
dy’t mishannele wurde yn thússituaasjes,
dy’t oppakt wurde fanwege har ôfwikende miening,
dy’t flechtsje moatte troch it geweld fan machthawwers,
dy’t gjin útwei mear sjogge.
Dat wy har nammen heech hâlde.
Lit ús bidde foar elk dy’t yn boeien sit.

Sjonge
Tuskentiden 16: 8

4. Ynlieding

Hoe faak hat dyn namme fan de berte ôf oant no ta al klonken? Net te tellen safolle kear!
Elke kear wer fertelt it oer dyn identiteit:
– Do bist de soan of dochter fan… en dan klinkt njonken de namme fan dyn âlders ek faak dyn achternamme;
– Do wurdst roppen troch dyn man, frou, freon of freondinne… en dan klinkt dyn foarnamme.

Do bist by wize fan sprekken dyn namme en de namme is fan dy.

Image

Nammen kinne net allinnich klinke, der kin ek in glimke fan opheind wurde.
As ik troch Snits rin, wit ik krekt wêr’t in namme tusken de tegels opblinkt. Ik bliuw geregeld stean om se te lêzen, mar yn alle gefallen stap ik der net op.
De nammen steane op in lyts koperen plaatsje mei de berte- en stjerdatum en it plak dêr’t de man, frou of it bern stoarn is: Auschwitz-Birkenau, Sobibor, Buchenwald…
Ik lit myn eagen nei it hûs glide dat der tichtby stiet: dêr ha Izaäk, Rachel en Ruben dus wenne…
Net dat ik harren persoanlik ken, mar ik hear yn de ferbylding mem Rachel roppen: ‘Ruben, thús kommme, want daliks begjint de sabbat!’

Heit, mem en it jonkje binne as nûmer yn de gaskeamer omkommen, mar de nammen Izaäk, Rachel en Ruben binne foar altyd yn it rinrûte fan de minsken opnommen, opdat wy se net ferjitte.

Guus Luijters hat mei twa boeken derfoar soarge dat de Joadske bern dy’t út Nederlân wei nei in konsintraasjekamp fierd binne, net fergetten wurde.
Yn it boek ‘In memoriam’ binne de nammen, bertedata en foar safier mooglik de gesichten op foto’s opnommen.
Yn it boek ‘Kinderkroniek’ krije de omkommen bern stim troch harren ferhaal te fertellen.
Sa bliuwe de nammen en de skiednis fan dizze bern bewarre.

Yn de kontekst fan de Shoah kinne wy trije groepen ûnderskiede:
– De minsken fan de kweade machten.
– De Joaden.
– De rest fan it minskdom.
De minsken fan de kweade machten ha miljoenen nammen fuortfage, der nûmers foar yn it plak oanbrocht en dêrnei de libbens útwiske.
Seis miljoen Joaden binne yn reek opgien.
De rest fan it minskdom hat it al of net witten, mar is der hjoed de dei noch altyd tsjûge fan.
En God?
Hat Hy de Joaden, syn folk, by de nammen roppen? Wa wit it… miskien Jesaja? Of Jezus?
Lit ús bidde foar it folk dat delslein waard.

5. Sjonge
Tuskentiden 16: 9 en 10

6. Lêze
Jesaja 43, 1-7

Image
Marc Chagall   Fan ferballing nei weromkear

7. Sjonge
Liet fan thúskomst
Wize: Liet 330 út it Lieteboek foar de tsjerken

De Hear rôp op syn feint Jesaja:
‘Rop op nei hûs wa’t balling is,
lit klinke oan de ierde-ein ta
dat ivich bliuwt myn leafde wis.’
Lit ús dan brekke út ‘e bannen
fan soarch om lijen en gemis,
de oerstek dwaan troch toarre lannen
nei hûs dêr’t libben wetter is.

De Hear liet oan Jesaja witte:
‘Ik ha elk al by namme neamd,
gjin noed, Ik sil de djipte mjitte
fan ’t wetter dat sa skomjend streamt,
Ik sil jim troch rivieren fiere,
dat elk komt oan de oare kant,
it lân dêr’t jimme berntsjes tiere,
gjin macht dy’t dêr mear strikken spant.’

Jesaja hat fan tiden sprutsen
dêr’t hy de strekking al fan seach:
hoe’t kweade machten stikken brutsen,
út alle streken kaam in weach
fan soannen troch rivieren hinne
en dochters nei ’t beloofde lân,
dy’t mei elkoar de takomst binne
fan hiel de wrâld yn ien ferbân.

8. Ferkundiging 1

Yn de sân ferzen fan Jesaja 43 ljochtsje seis skiednissen op, in pear dêrfan mei nammen:
Jakob, Israel, Egypte en Seba.
Lit ús yn it koart by de skiednissen lânsgean.

Skiednis 1
De earste skiednis komt yn de tekst sels oan de oarder: de ballingskip en it weromkommen yn it lân fan belofte.
Yn 586 foar Kristus wiene de measte ynwenners fan Jeruzalem troch kening Nebukadnessar yn ballingskip fierd. Se sieten oan de streamen fan Babylonië en hiene de strykstôk oan de wylgen hongen. Nee, se waarden dêr net útroege lykas yn de konsintraasjekampen fan Hitler. Doe’t Babylonië ferslein waard troch kening Cyrus fan Perzië, ljochte foar de ballingen de ferwachting op om werom te gean nei it lân fan belofte mei Jeruzalem as de godsstêd.
Dy ferwachting spriek de profeet út yn de sân ferzen dy’t lêzen binne mei as kearn: ‘Ha gjin noed, want Ik ha dy loskocht.’

Skiednis 2
De nammen Jakob en Israel
De twadde skiednis giet oer Jakob dy’t by de rivier de Jabbok mei in ûnbekende man focht en rekke waard oan de heup. Hy krige tagelyk de seine en in nije namme: fan Jakob (beetpakker) waard er Israel (strider mei God). Doe koed er felich troch it wetter fan de Jabbok, wetter as teken fan de dea nei it libben ta.
De profeet spriek der letter fan: ‘Al moatsto troch djip wetter, Ik bin by dy, al moatsto troch rivieren hinne, dy sille dy net fuortspiele.’

Skiednis 3
De nammen Sadrak, Mesjak en Abednego
De tredde skiednis giet oer trije ballingen út Juda yn de tiid fan kening Nebukadnessar. Wannear’t de muzykynstruminten yn Babel klonken, moast elk hulde bringe oan it gouden byld fan de kening. Mar Sadrak, Mesjak en Abednego foelen net op ‘e knibbels en waarden dêrom feroardield ta de fjoerdea. Doe’t se yn de oven smiten waarden, kaam der in fjirdenien by har, sadat har gjin hier op ‘e holle ferskroeide.
De profeet spriek der letter fan: ‘Al moatsto troch it fjoer, do silst dy net baarne, de flammen sille dy net ferskroeie.’

Skiednis 4
De namme Egypte
De fjirde skiednis giet oer de ûnderdrukking fan de Israeliten yn Egypte, de úttocht (eksodus) út ‘e slavernij en de tocht troch de Reade See: troch de dea hinne nei it libben ta.
De profeet spriek der letter fan: ‘Al moatsto troch djip wetter, Ik bin by dy.’

Skiednis 5
De namme Seba
De fyfde skiednis giet oer de keninginne fan Seba, dy’t mei kamielen beladen mei rykdom nei Jeruzalem reizge om in besite te bringen oan kening Salomo. Seba, mar ek Egypte en Etiopië stiene yn dy tiid bekend as rike lannen, lykas hjoed de dei de oaljelannen om de Perzyske Golf hinne.
De profeet spriek der letter fan: ‘As dyn lospriis jou Ik Egypte, Etiopië en Seba om dyn plak yn te nimmen.’
Mei oare wurden: mei de rykdom fan dy trije lannen keapet de Iene syn folk frij, dat sy witte sille dat Israel in bysûnder plak op ierde ynnimt. Dy trije lannen steane yn prinsipe foar alle naasjes dy’t tsjûge binne fan it ferbûn tusken de Iene en syn folk. Mar net allinnich tsjûge, alle lannen meie ek dielnimmer wurde oan dy wierheid.

Skiednis 6
Gjin namme
De sechde skiednis, seis as it tal fan it kwea, is dy fan de Shoa, dêr’t wy jûn om acht oere ek by stilstean sille.
En de profeet spriek: ‘Tsjin it noarden sis Ik, de Iene: ‘Jou op!’
Jou op de bern dy’t oerblaun binne, lit har weromgean nei it lân fan belofte. En sjoch, de bern fan Abraham, Izaäk en Jakob, dy’t Israel waard (strider mei God) kamen út alle wynstreken wei en festigen har yn Israel, dêr’t se mei al har lek en brek, no noch wenje.
Fan wat der yn de midden fan de tweintichste ieu bard is, koe de profeet gjin weet hawwe,
mar it is wol bysûnder dat der mear skiednissen binne fan kwea en úttocht, nei it lân fan belofte.

Image
Marc Chagall   Yntocht yn Jeruzalem

9. Sjonge
Liet fan Jeruzalem 3
Wize: Tuskentiden 1

Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.

It blide folk tsjocht nei dy op,
der is gjin hâlden oan
en klear klinkt elke freugderop:
der komt in nije moarn.

Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.

De nammen klinke ien foar ien,
de Iene jout har lûd,
Jeruzalem hat it ferstien:
sjaloom foar elk foargoed.

10. Lêze
Jehannes 21, 1-14

Image
Lodewijk Toeput

11. Sjonge
Liet fan de lege fiskers
Wize: Liet 387 út it Lieteboek foar de tsjerken

De fiskers fan in leech bestean
sa sûnder de ferstoarne Hear;
hoe lang hie harren boat net fearn,
sy wiene foar feroaring klear.

Doe’t Petrus sloech op ’t fiskjen acht,
ha sy de boat yn ’t wetter treaun,
sy foeren yn de lege nacht
en binne oant de moarntiid bleaun.

Sy seagen yn it earste ljocht
in skym dy’t by in fjurke stie,
Hy frege wat it net Him brocht,
mar ien seach dat it Jezus wie.

It lege net moast nei de kant
dêr’t foar it minskdom takomst wie,
dat boadskip wie nei Jezus’ trant,
dy’t op ‘e fisk te wachtsjen stie.

Doe’t Petrus sloech op tekens acht
dy’t wiisden op ‘e Minskesoan,
sprong hy oerboard, syn fiskersdracht
koe út, it kaam op takomst oan.

Se sieten mei elkoar om ’t fjoer
en ieten stil fan fisk en brea,
de Hear joech ’t roer oan harren oer,
gjin tinken oan de lege dea.

12. Ferkundiging 2

Nee, lit ús ôfprate dat wy ús net identifisearje mei Jehannes, de learling dy’t it tichtste by Jezus stie. Wy binne gjin Jehannes of Janny. Wy krûpe hjoed allegearre yn de hûd fan Simon Petrus. Us namme is Peter of Petra.

Lit ús, foar’t wy de nacht yn en de mar op geane, earst in pear ferbinings lizze mei Jesaja.
By de profeet gie it om in geografyske ballingskip, nei de frjemdte ta. Petrus en syn maten reizgen wol nei har bertestreek, sis mar it heitelân, mar troch de krúsdea fan Jezus misten se har liedsman en makken se in geastlike ballingskip troch. Se wiene net mear by steat om de ferlossende melody fan Jezus te spyljen en hiene de strykstôk oan de wylgen hongen. De fingers waarden ta fûsten om tou en net hinne.
Nammen, dat is de twadde ferbining mei Jesaja. Nee, se waarden net mear by namme roppen, dat hie it begjin west fan har ropping as learling fan Jezus. Mar har nammen wurde wol neamd foar’t se de mar op farre, útsûndere twa… mar troch de profeet wurde ek net alle nammen neamd: Sadrak, Mesjak en Abednego.
Wat dochsto yn in drege perioade fan geastlike ballingskip? Hingest ast gjin fertrouwen mear hast yn de geastlike melody, de strykstôk ek oan de wylgen of spilest troch?
O nee, wy soene Peter of Petra wêze, dus do giest werom nei wat al fier achter dy leit, do sjochst it mei it each op ‘e takomst net mear sitten…
Simon Petrus sei tsjin harren: ‘Ik gean te fiskjen.’

En dan farre de sân fiskers de nacht yn en de mar op, it wetter fan djipte en dea. Men kin fan tinken wol ha dat yn dy hiele roettsjustere nacht gjin fisk yn it net komt. Se farre op dea wetter en ha de ferkearde kant keazen, de kant fan it weromgean nei wat al fier achter har leit en neat mear opsmite sil.
Petrus is fansels ‘zum Tode betrübt’ en wy binne as Peter en Petra nei ús draai nei it ferline, wat neat opsmiten hat, djip teloarsteld. It sicht op ‘e takomst is ferlern, wy bliuwe yn ús nacht hingjen.

Mar oer de mar strykt it earste ljocht fan de moarntiid en mei ljochtet op ‘e wâl ien op, wat in protte wei hat fan in ferskining. Seis fan de sân binne blyn foar de takomst. Allinnich dy iene, Jehannes, dy’t it tichtst by de wierheid stien hat en noch stiet, geane yn de moarntiid de eagen iepen. As dy iene op ‘e wâl de oare kant kiest, dy fan de takomst, en it fisknet op skuorren nei fol rekket, dan seit Jehannes dat it de Libbene is dy’t roppen hat, in twadde ropping.

Petrus rekket dêrtroch yn de stimming fan ‘Himelhoch jauchzend’ en wy as Peter en Petra komme ek yn de stimming, want nei it hingjen yn de nacht krije wy wer fêstegrûn ûnder de fuotten.

Fêstegrûn? Safier is it noch net, want de boat leit noch wol hûndert meter fan de kant ôf en wurdt tsjinholden troch it folle net.
Petrus skuort syn kleed omheech, sadat er mei it ûnderein bleat stiet, en springt de djipte yn.
Hy jout him bleat, sa’t er eins is – ‘zum Tode betrübt en Himelhoch jauchzend’ – en giet troch de djipte hinne om by it libben, de Libbene, te kommen. En de seis oaren dan? Dy skuorre it net mei 153 fisken oan board. Sy nimme de folken fan de wrâld mei út ‘e dea nei it libben, dat alle folken tsjûge wêze sille fan de bysûndere posysje fan Petrus en syn maten, fan it hiele joadske folk… ha wy dat by Jesaja ek al net heard?

Image
Peter Paul Rubens

Op ‘e wâl brânt in fjurke mei fisk en bôle derop, mar de 153 fisken lizze noch yn de boat. Hearre dy der ek net by? Nee, net op it fjoer, it kin wêze dat se mei de minsken fan de takomst troch it fjoer hinne moatte.
Wurdt Petrus him derfan bewust dat syn maten oan it net skuorden, wylst hy al healwei de himel wie? Hy komt yn aksje as Jezus de opdracht jout de fisk te heljen. Allinnich sleept er it net fan board en op ‘e wâl.
Foar Peter en Petra is it leauwe dat Jezus der is – Ik bin by dy, om mei Jesaja te sprekken – net genôch: leauwe en aksje rinne mei elkoar op.
Leauwe, aksje en it fieren fan it miel, in trije-ienheid foar Petrus en syn maten oan de igge fan de mar, en foar Peter en Petra yn it libben fan hjoed de dei.
Om it fjurke hinne hearsket stilte, want gjinien doart te freegjen: ‘Wa binne Jo?’
Se witte wol dat it de Hear is mei de namme Jezus.

Jûn sil de stilte ek hearskje, want fragen binne net nedich.
Wy witte wol dat it miljoenen wiene mei in nûmer op ‘e earm.
Mar har nammen steane yn boeken en op monuminten.
Amen

13. Oargelspul

Image
Marc Chagall   Vrede

14. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

15. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân: 1, 2, 3, 4, 5 en 6

16. Seine

Wy hawwe hjir by elkoar west as minsken mei in namme
en meie witte dat wy troch de Iene by namme neamd wurde.
Mei ‘Ik bin dy’t Ik wêze sil’ ús yn de stilte fan kommende jûn tichteby wêze,
mei God ús yn de freugde fan moarn befrijing fan de noeden jaan,
mei de Iene ús de kommende wike syn seine jaan.
Amen

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum