Wize: Psalm 134
Hoefolle famkes boarten net
op strjitte yn stêd Nazaret?
Marije liet har dêr ek sjen,
in libben tusken blide bern.
Doe’t sy fan famke waard in faam,
wie ’t krekt oft Joazef faker kaam,
in moeting mei de timmerman,
dêr kloppe ’t hert har flugger fan.
Sy wie noch jong en amper frou,
mar oan it hûs fan Joazef trou,
doe kaam in ingel by har del,
it wie Gods gabber Gabriël.
It boadskip dat hy foar har brocht,
wie ’t heil troch ieuwen hinne socht:
‘God moetet dy yn Davids soan,
hy docht it sûnder troan en kroan.’
It gie Marije troch de lea,
har libben rûn sa earder nea,
it wie har wêzen oan te sjen,
de moeting mei it godlik bern.
De bergen oer klonk doe de rop,
Marije socht har tante op,
ferwachtingsfol wie it petear,
in moeting fan in dûbel pear.
Peter Paul Rubens
Doe kaam de nacht dat Jezus’ stim
klonk yn de stâl fan Betlehem,
de moeting fan de mem mei ’t bern,
dat soanbyld gie nea wer ferlern.
Op ’t feest fan Kana joech de soan
de mem mei wyn syn ropping oan,
wat leech wie, rekke rânefol,
de wyn en wille streamden gol.
It gie op ’t feest fan Pesach ta,
mar ’t waard it krús op Golgota,
dat soanbyld stiek troch ’t memmehert,
in dreger moeting wie der net.
Peter Paul Rubens
It barde op ‘e tredde dei
dat libben dea de wierheid sei,
Marije hearde wer syn stim,
noch neier as yn Betlehem. |