By Jehannes 11, 1-44
Wize: Liet 218 út it Lieteboek foar de tsjerken
Betanië lei noch fierôf
fan ’t libben út ‘e dea,
twa susters, fan karakter trou,
fersoargen hûs en lea.
Broer Lazarus wie earnstich siik,
neat koene se mear dwaan,
har boadskip wie dêrfan in blyk,
de Hear soe útkomst jaan.
Mar Jezus bleau lang op it plak
dêr’t hy syn boadskip brocht,
hoewol’t de sike like swak,
God kaam dêrtroch yn ’t ljocht.
De tredde dei woe Jezus gean,
gjin eangst foar stien of dea,
de folgers bleauwen leaver stean,
men wist yn ’t libben nea.
De Hear wist wol fan nacht en dei:
by deiljocht falt gjinien,
mar yn it tsjuster is de wei
foar elk in stroffelstien.
Dêrnei sei Jezus noch planút:
‘Broer Lazarus is stoarn.’
De dea wie net it einbeslút,
it kaam op ’t leauwen oan.
Betanië kaam yn it sicht
en Marta kaam der oan,
sy seach genêzing as in plicht,
dan wie har broer net stoarn.
Mar Jezus hie in oar berjocht:
it opstean út ‘e dea,
syn libbensein stie yn dat ljocht,
wa’t leaude, stoar dan nea.
De iene suster rôp de oar,
dy’t op deselde toan
itselde sei, dêr stie Hy foar,
dan wie har broer net stoarn.
’t Ferwyt wie as in stien allyk,
wat Jezus griep yn ’t moed:
fertriet en grime tagelyk,
wie dat gefoel wol goed?
Troch triennen hinne seach Hy nei
de skare achter Him,
Hy frege wêr’t de deade lei,
it each kriich wer in glim.
De stien moast foar it rotsgat wei
foar’t ‘Lazarus’ lûd klonk,
de echo brocht it libben mei,
it wie as ’t ljocht him wonk.
Rembrandt
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan stiennen en triennen
|