Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liet fan de wizen

Religy
PDF Print E-mail
By Mattéus 2, 1-12
Wize: Tuskentiden 5

Image
Gustave Doré

Fier werom, yn âlde tiden
klommen wizen op it dak,
lieten harren eagen glide,
brochten elke stjer teplak.

Ien fan al dy himelljochten
striele boppe alles út,
’t wie de stjer dêr’t sy nei sochten,
’t ljocht dat alle heil ûntslút.

Keningen op ‘e kamielen,
ek neamd wizen ûnderweis,
om yn ’t himelsk heil te dielen,
fier foarút op stjerrereis.

Wat sy yn de tassen hiene,
wie as earste proviand,
dochs wêr’t sy foaral foar stiene,
wie ’t kado yn keningstrant.

Mar sy koene it net sjouwe
as de tredde tas leech bleau:
sjen en skôgje, ek fertrouwe,
dat wie wat har fierder dreau.

Fier foarút, sa fier fan ’t easten,
wiisde ’t keningsljocht net mear.
Koe in kening wizen treaste
mei ’t foarútsicht: it komt klear?

Foarst Herodes hie yn hannen
macht, mar net it âlde Wurd.
Moasten dêr de grize mannen
net oer gear mei ’t fromme burd?

Micha koene se wol fine,
hearden syn profetestim:
Juda’s foarsten sille skine,
mar Hy blinkt yn Betlehem.

Fierder reizgen doe de wizen
mei de wiisheid fan it sjen,
dat soe har de wei wol wize
nei de Foarman, doe noch bern.

Harren keningstas waard lege,
dus noch lichter it bestean,
’t skôgjen tagelyk ferhege,
wat die bliken yn de dream.

Fier werom, troch alle plakken,
sprieken se fertrouwen út,
rôpen ’t heil fan Babels dakken
hiel de wrâld oer ta beslút.

Image
Peter Paul Rubens

Sjoch ek: Religy Wrâldtsjinst

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum