Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liet fan de tiid

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Liet 397 út it Lieteboek foar de tsjerken

Image
Klok makke troch Ale Hosper

It libben rint mei troch de tiid
en hâldt him dêroan fêst,
it jachtet sa’t dat gauris giet
en fynt noch doer noch rêst.

De dagen drave troch it hûs
en wy der achteroan
mei allerhande by de rûs
en ’t is wer samar moarn.

Mei hûnderttritich rydt it troch
de dei fan ier oant let,
gjinien sjocht mar en greide noch,
ken ek de kalmte net.

De kalmte fiert ús nei it hert
dat kloppet: sa bisto,
de tiid rint op ‘e minsketrêd,
do libbest yn it no.

Wit dat de Iene giet ek mei
de tiden troch, Hy wiist
as wy ferlieze tiid en wei
nei wat op ’t lêst ferriist.

Image
Augustinus

Sjoch ek: Religy Tjsinst fan de twillingtiid

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum