Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lânskip en religy

Religy
PDF Print E-mail
Image

Wa’t ‘De Oerpolder’ lêzen hat, it prachtige boek fan Hylke Speerstra oer It Heidenskip yn de njoggentjinde ieu, wit dat it lânskip fan greide en wetter dêr in belangrike rol yn spilet. It wurdt yn relaasje ta de minsken sa beskreaun dat it suver in religieuze lading kriget. Mei oare wurden: de natuer wurdt optild nei in hichte dêr’t sy ferbining kriget mei de boppenatuer.

Image

Twa foarbylden:
As begjin febrewaris 1825 it waar him striemin oansjen lit, stiet skipper Wiebe fan de ‘Hoop doet leven’ mei boer Melle de Vries op ‘e hektsjalk, wylst se sjogge nei de sulvereftige stripe boppe de westerkym, dy’t neffens de skipper net oars wêze kin as de wjerskyn fan de skomjende seegong en dan seit er: “Wat wy sjogge is de azem fan de stoarm; wat jo en ik waarnimme, Melle de Vries, is de grime fan de see.”
Dyselde nacht wurdt it needwaar en streamt it gea fan It Heidenskip derûnder.

Image

It twadde foarfal spile him sawat fjirtich jier letter ôf, yn desimber 1864. Sible Teakes Westendorp en Margaretha Klazes Hettinga bebuorken doe de pleats ‘Grut Welgelegen’. De frou lei yn it kreambêd, mar it like as soe de befalling mem en bern beide meislepe nei it grêf. Hoewol’t in sniestoarm oer de pleats raasde en it gea ien wite woestyn wie, moast der yn alle gefallen wijwetter komme om it bern te dopen foar’t it stoar. Lytsfaam Tine Flapper wist wol rie en gie op ‘en paad nei de Helpleats, want boer De Jong naam alle jierren in krûk wijwetter mei út ‘e roomske tsjerke fan Warkum. Tine kaam lykwols net fierder as de pleats ‘Lyts Welgelegen’, dêr’t se in stik iis út ‘e reinwettersbak bewuolle yn har skelk. Dat iis waard yn dy godferlitten oarde fan It Heidenskip it wijwetter foar de doop fan it lytse famke Westendorp.

In lânskip ûnder wetter en ûnder de snie yn relaasje ta it faaie libben fan minsken. Lânskip en religy.

Om’t ik takom wike snein it foarrjocht ha om foar te gean yn de menniste gemeente fan Drylts, ha ‘k it lêsroaster fan de ‘Eerste Dag’ der ek efkes by helle: Sacharja 14 en Lukas 21.
Yn beide haadstikken is sprake fan in lânskip, fan in religieus lânskip.
Sacharja lit Jeruzalem sjen mei de Oliveberch, dy’t oan de ein fan de âlde tiid spjalte sil..rivieren mei libben wetter nisteendorp.me om it bern foar de dea te sopen.
Lukas skôget lykas skipper Wiebe fan It Heidenskip de loft en de see: sinne, moanne en stjerren binne út har omrin wei en doarmje troch it hielal, de see skommet en bolderet.

En it inerlike lânskip fan de minsken? Hoe belibben sy (kommende) rampen?
Dat inerlike lânskip wie by de wettersneed fan 1825 in gaos.
By Sible Westendorp in swiermoedich hert fol fertwifeling yn dy lêste dagen fan 1864.
By Sacharja in wanhopich flechtsjend folk.
En by Lukas bestjerre de minsken it fan eangst en spanning.

Mar…
by Sacharja sille rivieren mei libben wetter út Jeruzalem streame;
by Lukas sil troch de wolken it ljocht fan de Minskesoan brekke.
En yn It Heidenskip?
Dêr bloeide nei de stoarmramp fan 1825 en de strange winter fan 1864 de maitiid wer op.

Image

Sokke religieuze lânskippen jouwe sicht op it lânskip fan de takomst. Boppedat kin, wa’t der each foar hat, sa’n religieus lânskip it inerlike lânskip fan de minske yn bloei sette.
Mei tank oan de Minskesoan en ek… oan Hylke Speerstra.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum