Hoe belibje de kristenen yn it Afrikaanske lân Malawi it evangeelje?
Sy ferbine dat mystearje fan libben en dea
mei har eigen bestean, riten en symboalen.
It gehiel is ferbylde op in skilderij.
De details dêrfan binne ferwurde yn gedichten.
Mei de woartels yn de ierde
en de blêden fier omheech
ferbyldzje Krustus’ lea de wearde
fan wat rizend is en leech.Leech yn tsjuster leit it maissied
dea, mar sprútsjend út yn grien
dat wis en wrachtich ûnderweis giet,
withoefolle komt út ien.Drippen bloed en spatten wetter
komme út ‘e side wei
as tongen fjoer, syn geast, dy’t letter
ynstekt út ‘e hichte wei.Wat leech begûn, riist stadich fierder,
grien brekt út yn strieljend ljocht;
dy’t beide sied wie en de siedder
skeakelet ierde oan de loft.
|